Aldeberkeapster Sebastiaan Wolswinkel út Partij voor de Dieren setten

Foarsitter Sebastiaan Wolswinkel fan de Partij voor de Dieren is troch it bestjoer fuortdaliks út de partij set. Neffens it partijbestjoer lei Wolswinkel de ôfrûne moannen "stelselmjittich bestjoersbesluten neist him del". De 25-jierrige Wolswinkel ferfolle de funksje fan foarsitter sûnt maart dit jier.
© NOS, Hans Andringa
Yn in ferklearring lit de partij witte ta it beslút kaam te wêzen "nadat Wolswinkel de afgelopen maanden stelselmatig bestuursbesluiten naast zich neerlegde en de partij meermaals in de media beschadigde door onder andere zijn persoonlijke opvattingen te uiten".
Wolswinkel is royearre. Hy kin him yn de partij noch keare ta de kommisje fan berop. Ruud van der Velden, algemien bestjoerslid en fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Rotterdam, is troch it bestjoer beneamd ta ynterim foarsitter.

Machtsstriid

Yn de Partij voor de Dieren wie der sprake fan in machtsstriid oer de koers fan de partij. Moandei hie Nieuwsuur noch in ferslach oer Wolswinkel en de koers dy't er foar eagen hie foar de partij. Hy woe dêr graach diskusje oer, mar dat waard neffens him net wurdearre troch de rest fan de partij. "Ze hebben zich blijkbaar aangepraat dat ik een coup heb gepleegd", sei er yn de útstjoering.
De fraksje yn de Twadde Keamer lit witte dat it royemint in beslút is fan it bestjoer, dat net yn oerlis mei de fraksje naam is. Mar de fraksje stipet it bestjoer wol. Mear wol de fraksje net sizze, om't Wolswinkel noch yn berop gean kin tsjin it beslút.

Fryske reaksje

Rinie van der Zanden, fraksjefoarsitter fan de Partij voor de Dieren yn de Provinsjale Steaten sprekt oer in "ernstige situatie". Van der Zanden wie op 'e hichte dat der wat spile rûnom Wolswinkel, mar hearde tiisdeitejûn fan de bestjoersleden dat hy syn ûntslach krigen hat. Van der Zanden wol gjin kommentaar jaan op de situaasje om't se der sels net by west hat.
It ûntslach fan Wolswinkel is "heel naar" foar de partij, seit Van der Zanden. "Hier zat niemand op te wachten, op deze dergelijke problemen." Neffens Van der Zanden sil it partijbestjoer harren fierder yntern beriede oer de situaasje mei Wolswinkel. De Fryske achterban fan de Partij voor de Dieren hat de situaasje noch net besprutsen, om't Van der Zanden drok is mei de tarieding op it spoeddebat yn de Provinsjale Steaten oer de stikstofproblematyk.