Earste boeren mei trekkers ûnderweis nei Den Haag

15 okt 2019 - 20:15

De earste Fryske boeren binne tiisdeitejûn ôfsetten nei Den Haag om dêr te protestearjen op it Binnenhof. Tsientallen boeren mei trekkers hiene har om 18.00 oere hinne sammele by de Lange Lijnbaan yn Harns. Koart dêrnei setten se fia de Ofslútdyk ôf nei it Den Haag.

Foto: Anton Kappers

In oantal fan dy boeren hat tiisdei de lêste boat fan Skylge ôf naam om oan wâl te kommen. As se woansdeitemoarn de earste boat namen, soene se net op tiid yn Den Haag oankomme. Nei't se harren yn Harns sammele hiene, binne se fia Surch de sneldyk opgien. Se riden fia de Ofslútdyk nei Noard-Hollân.

Ek út oare plakken yn Fryslân binne boeren ûnderweis om te protestearjen. Tsientallen boeren út Ternaard yn Noardeast-Fryslân binne tiisdei ek ôfsetten nei Den Haag.

Net wolkom

Minister Grapperhaus fan Justysje en Feiligens hat tiisdei witte litten dat de demonstrearjende boeren net wolkom binne op it Binnenhof. De gemeente Den Haag lit witte dat definsje helpe sil mei it ôfsetten fan diken yn de stêd. De boeren meie demonstrearje, mar it is net de bedoeling dat dat op it Binnenhof bart, sa seit minister Grapperhaus. As se oer de skreef geane, sil de ME neffens him klearstean.

Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)