Danny Noppert strânet yn heale finale Players Championship

Danny Noppert fan De Jouwer hat it tiisdeitejûn net fierder skopt as de heale finale fan it Players Championship. De 28-jierrige darter ferlear mei 7-2 fan de úteinlike winner Peter Wright.
Yn de achtste finale wûn Noppert mei 6-4 fan Simon Whitlock en yn de kwartfinale mei 6-2 fan Andy Jenkins.
Noppert krige tiisdei ek te hearren dat er selektearre is foar de World Series of Darts Finals. Hy krige in saneamde 'wildcard'. De World Series wurde fan 1 oant en mei 3 novimber spile yn AFAS Live yn Amsterdam. It is foar it earst dat yn de haadstêd in grut ynternasjonaal dartstoernoai hâlden wurdt.