PvdD wol opheldering oer demonstraasjeregels yn Ljouwert

15 okt 2019 - 19:19

De Partij voor de Dieren wol fan boargemaster Sybrand Buma witte hoe't it krekt sit mei de demonstraasjeregels yn Ljouwert. Ofrûne freed wiene der tagelyk in klimaatprotest en in boereprotest yn Ljouwert. Foar it klimaatprotest wie in fergunning oanfrege, foar it boereprotest net. Dochs waard de boeren gjin striebreed yn 'e wei lein.

Foto: Partij voor de Dieren

Goed 100 minsken diene freed mei oan de earste klimaatmars yn Ljouwert. Tagelyk mei de klimaatmars wie der op in oar plak yn de stêd in boereprotest. De klimaataktivisten fan Fridays For Future hiene harren demonstraasje, neffens de regels, 48 oeren fan tefoaren oankundige. Nei alle gedachten hawwe de boeren dat net dien. De dielnimmers fan de klimaatdemonstraasje moasten ôfrûne wike sels in oare rûte nimme, om't de boeren de oarspronklike rûte ôfsetten hiene.

Unreedlik

De Ljouwerter fraksje fan de Partij voor de Dieren wol dêrom antwurd op de fraach oft it kloppet dat de boeren harren demonstraasje net oankundige hiene. Ek wolle se witte oft de klimaataktivisten twongen wiene om harren rûte oan te passen yn ferbân mei it protest fan de boeren. De partij fynt it nammentlik ûnreedlik dat de klimaataktivisten, dy't harren oan de regels hâlden, harren plannen oanpasse moasten fanwege de aksje fan de boeren, dy't net neffens de regels gie.

In tredde kwestje dêr't de Partij voor de Dieren mei yn 'e mage sit, is dat it blokkearjen fan de diken yn de omjouwing fan it Provinsjehûs troch de boeren gefaar oplevere hat, om't helptsjinsten der net del koene. De partij wol witte wêrom't de Trijehoek net besleat de boeren fuort te stjoeren.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

In oare fraach dy't de partij hat, is oft de plysje de boeren sommearre hat it Provinsjehûs te ferlitten. As dat net it gefal wie, wêrom dan net? Dêrneist wol de partij witte oft de plysje minsken oanhâlden hat of dat noch dwaan sil. Ta beslút: is it kolleezje it dermei iens dat it tajaan oan it skrassen fan de stikstofmaatregels woansdei it gefolch wie fan geweld of yntimidaasje?

Partidigens

Neffens de PvdD kin de ûnrêst fan ôfrûne woansdei resultearje yn polarisaasje. De partij ropt it kolleezje op om dy polarisaasje safolle mooglik tsjin te gean. "Onzes inziens is het daarbij ook van belang dat de burgemeester elke schijn van partijdigheid bijvoorbeeld een schijnbaar meegaandere houding aangaande protesten van boeren gezien zijn CDA-achtergrond - voorkomt en zijn partij-overstijgende rol hoog in het vaandel houdt.

It kolleezje hat noch gjin reaksje jûn op de fragen.

Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)