Kûkherne yn De Westereen bêste camperplak fan Nederlân

15 okt 2019 - 18:39

Camperpark Kûkherne yn De Westereen is beneamd ta bêste camperpark fan Nederlân. De beneaming is ûnderdiel fan de Eropuit in Eigen Land Prijs, dêr't akkommodaasjes yn ferskate kategoryen winne kinne. Kûkherne hat wûn yn de kategory 'Bêste Camperfakânsje'.

De priis waard dit jier foar de njoggende kear útrikt. Besikers ha stimme kind op harren favorite akkommodaasje, restaurant of dei fuort. Camperpark Kûkherne waard foarich jier yn deselde kategory twadde.

Eigener Jittie Mozes seit dat sy net in protte feroare hawwe oan it park. "Wy ha einliks neat oars dien. Wy binne altyd ússels en wy dogge ús bêst, mear kinne wy net dwaan." It is foar it park in moaie opstekker dat sy de priis no wûn hawwe.

Neffens Mozes leit de krêft fan it park yn ferskate dingen. "Wy binne gastfrij, wy hawwe in soad ynformaasje fan de omjouwing en ús camperplakken stean moai oan it wetter." Neist in camperplak kinne minsken ek noch sloepkes hiere en fytse troch de omjouwing.

It seizoen is alwer foarby en in protte minsken hawwe de camper alwer yn de stalling. "Der binne op it heden noch wol in protte Dútsers, mar dy bliuwe faak mar foar ien nacht en gean dernei wer troch", leit Mozes út.

De priis dy't Kûkherne wûn, bestiet út in trofee en in sertifikaat. "Wy hawwe de priis noch net binnen, mar dy krijt fansels in moai plakje."

Oare winners

Yn deselde kategory gie de twadde priis nei Camperplaats Leeuwarden. Der is ek in Fryske winner yn de kategory 'Bêste Appartemint'. Dat is Appartemint Noflik yn Nijemardum.

(advertinsje)
(advertinsje)