FIDEO: Taallessen oanpasse op skoalle: "Het spreken zelf, komt dan vanzelf"

15 okt 2019 - 18:15

Hieltyd minder skoalbern kieze foar de fakken Frânsk of Dútsk. De learlingen dy't de fakken wol folgje, ha dy talen faak net goed yn 'e macht as se harren diploma krije, sa sizze saakkundigen. Skoallen soene de taallessen oanpasse moatte. Dat gefoel hat ek Claudia Müller, learares Dútsk op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert.

Dus gjin rychjes mear stampe, sa as bis/durch/für/gegen/ohne/um/entlang, mar mear écht kommunisearje yn de frjemde taal. Müller: "Als je merkt hoe leuk Duitsland is, ben ik ervan overtuigd dat je ook veel meer plezier in zo'n taal hebt. En het spreken zelf, komt dan eigenlijk vanzelf."

(advertinsje)
(advertinsje)