Smellingerlân is European City of Sport

15 okt 2019 - 18:12

De gemeente Smellingerlân wurdt takom jier European City of Sport. Smellingerlân hie him fan 't simmer kandidaat steld, omdat de gemeente sport heech op de aginda stean hat. Der hat doe in kommisje del west om te sjen oft Smellingerlân yn oanmerking kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It oardiel wie posityf. De kommisje fynt dat it sportbelied goed yntegrearre is yn bygelyks it ûnderwiis. En de gemeente hat in rom oanbod oan sportakkommodaasjes. Smellingerlân krijt de titel yn desimber offisjeel takend op in feestlike gearkomste yn it Europeesk Parlemint.

(advertinsje)
(advertinsje)