Slachters Veltman en Klijn yn Burgum komme byinoar: "Ien en ien is twa"

15 okt 2019 - 17:45

Mear as 50 jier sit slachter Klijn al yn Burgum, en al 30 jier sit slachter Veltman op noch gjin hûndert meter ôfstân. De konkullega's binne beiden in begryp yn it doarp, mar dat sil feroarje.

Veltman nimt de saak fan Klijn oer en sil ferhúzje nei de lokaasje oan de Merk. Jouke Klijn bliuwt wol oan it wurk, mar as wurknimmer fan slachter Jacob Veltman. In bysûndere feroaring, en in útdaging neffens Klijn.

It plan is om de hiele winkel te fernijen, seit Veltman. "De winkel wurdt grutter as dat dy no is, mei in hiel nije toanbank deryn, in selsbetsjinningsmeubel en dat soarte dingen."

Goede kollega's

Klijn en Veltman kenne inoar al jierren en ha altyd goede kollega's west. Se rinne al langer om mei it idee om de krêften te bondeljen. "We ha alris earder praat, mar doe wiene we der beiden noch net oan ta. En no die de kâns him foar." Klijn woe eins wol ophâlde en Veltman woe graach nei de Merk ta. "No, ien en ien is twa."

Slachters Veltman en Klijn neist elkoar - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei slachters Klijn en Veltman

Trefwurden: 
Burgum slachter Veltman Klijn
(advertinsje)
(advertinsje)