Deputearre Kramer oer ferskil yn stikstofoanpak: "Grinslân is hiel oars as Fryslân"

15 okt 2019 - 16:57

De provinsje Fryslân hat de protestearjende boeren ôfrûne freed neat kado jûn troch de stikstofmaatregels yn te lûken. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Troch de maatregel yn te lûken, kin de provinsje no gjin fergunningen ôfjaan foar bygelyks de útwreiding fan lânboubedriuwen en stiet alles wer op slot, yn de lânbou en yn de bou.

Moandei wiene der boeredemonstraasjes by de provinsjehuzen fan Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân. Wat dêrby opfoel is dat Grinslân wegere om de boeren temjitte te kommen en ek argewaasje hie oer de Fryske opstelling.

Kramer hat moandei dêrom belle mei syn Grinslanner kollega Staghouwer en dêrby ûntstie neffens Kramer oer en wer begryp foar de ferskillen tusken de provinsjes. Kramer: "Fryslân is in boereprovinsje, Grinslân net. Wy hawwe ek folle mear natuer, Grinslân folle mear bouboeren. Sy hawwe no noch romte om fergunningen ôf te jaan en steane der dêrom oars yn."

"It wie in dilemma foar my"

Kramer hat de ôfrûne dagen fan alles nei de holle krigen. Guon minsken fine dat er sloppe knibbels hat, wylst oaren him in keardel fine dy't foar de boeren opkomt. "It wie in dilemma foar my. Mar as je mei lulke hollen tsjinoer elkoar steane, komme je net fierder. We sille pynlike maatregels nimme moatte, mar ik doch dat it leafst yn oerlis."

Deputearre Steaten realisearje harren dat se de boeren wer nedich hawwe by de oanpak fan it feangreidegebiet en it greidefûgelbelied en dêrom besiket Fryslân it stikstofprobleem op te lossen mei it poldermodel. "Dat betsjut ynspraak. Mar der is ek tempo nedich, want Fryslân sit op slot."

Stikstof stie tiisdei ek op de wurklist fan Deputearre Steaten - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Johannes Kramer oer de ferskillen tusken Fryslân en Grinslân

Woansdei is der in spoeddebat yn Provinsjale Steaten oer de Fryske stikstofoanpak. Woansdei dogge ek wer hûnderten Fryske boeren mei oan de twadde grutte aksjedei yn Den Haag. Kramer is, as er weromsjocht, goed te sprekken oer it ferrin fan de boere-aksje fan ferline wike freed.

Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok is dêr posityf oer: "It hûs fan de provinsje is fan alle boargers fan Fryslân, ek foar minsken dy't in probleem mei de provinsje hawwe."

Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)