Boeren woansdei net wolkom op Binnenhof; definsje set strjitten ôf

15 okt 2019 - 16:38

Demonstrearjende boeren binne woansdei net wolkom op it Binnenhof yn Den Haag en dat witte se ek. Dat sei minister Grapperhaus tiisdei. De gemeente Den Haag lit witte dat definsje helpe sil mei it ôfsetten fan diken yn de stêd.

Foto: ANP

Boeren ha oankundige dat se yn it hert fan de Haachske polityk sjen litte wolle hoe lilk oft se binne oer de stikstofmaatregels fan it kabinet. Se meie demonstrearje, mar it is net de bedoeling dat dat op it Binnenhof bart, sa seit minister Grapperhaus. As se oer de skreef geane, sil de ME neffens him klearstean.

Definsje ek nei Den Haag

De gemeente is benaud dat de boeren mei harren trekkers yn it winkelgebiet by it Binnenhof telâne komme. Om dat foar te kommen, wol de plysje dy strjitten ôfsette. Dêrfoar is kontakt opnaam mei definsje, om't "de politie zelf niet beschikt over dit zware materieel en daarom is contact gezocht met defensie. Zij beschikken namelijk over de zware verplaatsbare vrachtwagens die nodig zijn als flexibele robuuste wegafzetting".

Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)