Fryske Anjer foar berneboekeskriuwster Jant van der Weg

De Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân giet dit jier nei Jant van der Weg. Sy hat in soad oer berneboeken skreaun en oersetten. Fierder wurke se by de Fryske Akademy en skreau se resinsjes oer berneboeken. Yn 2000 promovearre se mei in proefskrift oer Fryske bernepoëzy.
Jant van der Weg © Omrop Fryslân
Jant van der Weg-Laverman waard op 12 oktober 1939 berne yn Ljouwert. Bekende berneboeken dy't sy oersetten hat, binne ûnder oare 'Ronja de Roversdochter' fan Astrid Lindgren en 'Afke's Tiental' fan Nienke van Hichtum.
Yn 2000 promovearre de skriuwster op in ûndersyk nei Fryske bernepoëzy. Fiif jier lyn waard se beneamd ta earelid fan de organisaasje IBBY - International Board on Books for Young People.

Ynset foar de Fryske kultuer of natuer

Mei de Fryske Anjer wurdt alle jierren in persoan, feriening of ynstelling dy't him ynsetten hat foar de Fryske kultuer of natuer yn it sintsje set. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok, ek foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, sil de priis op 3 desimber oerlangje. Brok hat frou Van der Weg it ôfrûne wykein persoanlik ynformearre oer de Fryske Anjer. Brok die dat troch de skriuwster op har jierdei op te sykjen mei in grut bosk blommen.
Arno Brok oer Jant van der Weg