Plysje op syk nei tsjûgen fan ynbraak yn kleanwinkel Frjentsjer

15 okt 2019 - 15:23

By PM Mannenmode yn Frjentsjer is tiisdeitemoarn ynbrutsen. De ynbrekkers fernielden om 4.00 hinne de glêzen doar fan de winkel om deryn te kommen, wêrnei't it ynbraakalarm ôfgie.

De winkel dêr't de stellerij plak fûn - Foto: Omrop Fryslân

Dochs hiene de dieders genoch tiid om in soad djoere klean mei te nimmen. De plysje besjocht no de kamerabylden. Boppedat is de plysje op syk nei tsjûgen fan de ynbraak. Dy kinne har melde op 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)