Gosse Terpstra wol biblioteken yn Tytsjerksteradiel behâlde

15 okt 2019 - 15:12

De âld-foarsitter fan de Stichting Bibliotheken Tietjerksteradeel, Gosse Terpstra, makket him soargen oer de takomst fan de biblioteken yn de gemeente. Yn in iepen brief oan de ried pleitet hy foar it oprjochtsjen fan in ynvestearringsfûns, sadat de biblioteken yn Tytsjerksteradiel iepen bliuwe kinne.

Foto: ANP

Ferline wike waard bekend dat Tytsjerksteradiel flink besunigje moat. Dat bart ûnder oare troch de bydrage oan biblioteken leger te meitsjen. Terpstra skriuwt dat hy it maatskiplik net ferantwurde fynt dat biblioteken ticht moatte. Hy ropt de ried dan ek op in oplossing te sykjen foar de besunigingen.

Iepen brief

Lês hjirûnder de brief fan Gosse Terpstra oan de ried fan Tytsjerksteradiel:

"Achte riedsleden,

Jim steane foar swiere beslissings; der moat foar mear as 4.000.000 besunige wurde. Ien fan de mooglike maatregels is dat ek it biblioteekwurk in bydrage dêroan jaan moat. Lykwols is sa'n 5 jier lyn is op dit wurk al swier besunige. Ik haw begrepen dat it no om sa'n 100.00 giet. Dit hat wierskynlik ta gefolgen dat de festigings yn Hurdegaryp en Gytsjerk slute moatte. Is soks maatskjiplik ferantwurde?

Yn it foarste plak is it in besuniging om de gemeentebegrutting slutend te krijen, mar de maatskilike kosten binne folle grutter as dy 100.000 Euro. Sa'n 2.500 leden moatte dan op syn minst jierliks 400 km meast mei de auto 20 kear 2 kear gemiddeld 10 km reizigje, soks tsjin 0,25 de km. Dat is dan sa'n 100. Tink hjirby ek ris oan de miljeuoantaasting. Slimmer is noch dat guon minsken ôfheakje en meastentiids binne dat faaks de minst draachkrachtigen. Wat te tinken oan de âlderein. Foar harren is in biblioteek tichtby fan hiel grut belang. Disse groep wurdt ek hieltyd grutter. En dan de jongerein: dy kin om'e nocht yn de biblioteek telâne; soks is mei sin sa regele. No lykwole wurde se op kosten jage.

In biblioteek hat in brede betsjutting. Net allinne it rekreatyf gebrûk - it lêzen fan boeken en tydskriften mar ek de funksje fan it beskikber stellen fan kennis en ynformaasje, it bieden fan ûntjouwing en edukaasje, de mooglikheden fan moeting en debat, ensafuorthinne.

In oar aspekt is dat ek de middenstân dêrfan te lijen hat. Minsken dy't straks b.g. nei Burgum moatte, sille faaks dan tagelyk ek de oare boadskippen dêr dwaan. In suggesje is om de middenstân it biblioteekwurk yn de beide plakken te sponserjen. Soks kin de kommende tiid útsocht wurde.

Ek kin de mooglikheid ûndersocht wurde om de bydrage fan de lêzers wat te ferheegjen.

De lannelike polityk fynt blykber it biblioteekwêzen tige wichtich. Hipokryt binne se lykwols ek. 3 Miljoen Euro lûke se út foar doarpsbiblioteken en skrik net, dêr kinne se lanlik 6 festigings mei rêde. Oan de oare kant litte se de gemeenten opdraaie foar de tekoarten op b.g. de jeugdsoarch, mei as gefolch dat dyselde gemeenten besunigje moatte op ús biblioteekwurk. It kin net mâler.

As Hurdegaryp en Gytsjerk slute moatte, komt der nea wer in nije biblioteek; hâld hjir goed rekkening mei. Miskien is der noch in oare oplossing. It Ryk stelt in s.n. ynfesteringsfûns yn fan sa'n 5 miljard Euro yn. Mooglik kin de gemeente ek sa'n fûns yn 't libben roppe. Sa kin men dan b.g. de hege hier fan de festiging yn Hurdegaryp yn ien klear ôfkeapje. De gemeente krijt sa'n liening hast fergees, miskien wol mei jild ta.

Noch ris in kear. Nim mear tiid om ta in ferstannige oplossing te kommen en kom no noch net ta in besuniging yn disse (mearjierren-)begrutting. In protte lêzers sille jim dêrfoar tankber wêze.

Mei in freonlike groet,

Gosse Terpstra (âld-foarsitter fan de Stichting Bibliotheken Tietjerkstradeel)"

(advertinsje)
(advertinsje)