HEA! Elzesingels snoeie yn de Noardlike Fryske Wâlden

15 okt 2019 - 15:00

De bern fan kristlike basisskoalle Op de Hoogte út Boerum binne in dei lekker bûten om wat te learen oer de natuer en oer de kultuerhistoarje fan harren omjouwing. En dat betsjut kappe, snoeie en knippe yn de beamwâlen en elzesingels yn de Noardlike Fryske Wâlden. Op skoalle ha se dêroer earder al lessen hân.

(advertinsje)
(advertinsje)