It Amelân hat eigen 'broodfonds' foar ûndernimmers

15 okt 2019 - 14:26

It Amelân hat sûnt dizze wike in eigen saneamd 'Amelander Broodfonds'. Der binne 26 ûndernimmers op it eilân dy't oansletten binne by it fûns.

Bôle - Foto: Shutterstock.com

By in 'broodfonds' soargje ûndernimmers foar harren eigen fersekering yn gefal fan sykte of arbeidsûngeskiktens. De ûndernimmers dy't hjir foar kieze, fine de preemjes fan de grutte fersekerders te heech.

Troch alle moannen in bedrach yn te lizzen soargje de belutsen ûndernimmers derfoar dat der trochbetelle wurde kin as ien fan de dielnimmers yn it fûns siik is of tydlik troch omstannichheden net wurkje kin.

Trefwurden: 
It Amelân broodfonds
(advertinsje)
(advertinsje)