Camper yn de feart nei botsing yn Noardwâlde

15 okt 2019 - 14:19

Yn Noardwâlde is in camper op de sydkant yn in feart bedarre, nei in oanriding mei in auto. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne.

Foto: Pro News

Neffens in tsjûge koene alle ynsitters op eigen krêft út de auto en de camper komme.

It ûngelok wie op de krusing fan de N353 mei de Oostvierdeparte. De N353 waard foar in part ôfsletten. Hoe't it ûngelok ûntstien is, is net dúdlik.

Trefwurden: 
ûngelok Noardwâlde camper
(advertinsje)
(advertinsje)