Dronken man falt froulju lestich yn Ljouwert en moat noch in dei de sel yn

15 okt 2019 - 14:17

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn in 49-jierrige man oanhâlden. De man wie dronken en foel ferskate froulju lestich op it Saailân. De man skold de froulju út en makke se út foar rasist.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Nei de oanhâlding die bliken dat de man noch in dei de sel yn moast. De man hat in proses-ferbaal krigen, en is dêrnei meinaam nei it plysjeburo om syn dei straf út te sitten.

(advertinsje)
(advertinsje)