Aksjeboeren ferwachtsje mear Fryske trekkers as by earste demonstraasje

15 okt 2019 - 14:30

Hûnderten Fryske boeren meitsje har klear om aksje te fieren yn Den Haag. Dat seit Jitty van der Werf. Se is ien fan de organisatoaren fan de demonstraasje. Neffens har soene der mear as fjouwerhûndert trekkers út Fryslân nei de Rânestêd gean.

Foto: ANP

As it der echt safolle binne, soe dat in ferdûbeling wêze fan it oantal Fryske boeren, seit Van der Werf. "It wurdt grut."

Om healwei ienen nachts komme de easte boeren yn Hitzum by mekoar. Se ride oer Wiuwert en It Hearrenfean, en geane dan oer de sneldyk nei De Jouwer. Fan dêr ôf ride se oer de A6 nei De Lemmer en Emmeloard. Ferkear kin dêr woansdei lêst fan ha.

De boeren wolle earst nei Bilthoven, dêr't in kantoar fan sûnensynstitút RIVM sit, en dêrnei wolle se nei it Binnenhof yn Den Haag.

Neffens RTV Noord geane de boeren net nei it sûnensynstitút sels ta. In wurdfierder fan de gemeente Bilthoven seit dat it RIVM altyd goed berikber wêze moat. "Er liggen vaccins en geneesmiddelen opgeslagen die snel nodig kunnen zijn en er staan voertuigen van de milieuongevallendienst, die gevaarlijke stoffen meet bij branden."

Dat in boereprotest yn Grinslân út de hân rûn is, hat neffens Van der Werf gjin ynfloed op it imago fan de boeren. "It fertrouwen is der noch, 86 persint fan de minsken stipet ús."

Jitty van der Werf oer de plannen fan de boeren

Neffens Van der Werf is dit net de lêste aksje, as der net goed nei de boeren harke wurdt.

Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.

(advertinsje)
(advertinsje)