Fryske TikTokker Jesse hat mear as 100.000 folgers: "It is wol serieus, ja"

Jesse van Wieren (17) fan Kollumersweach is in ferneamde Fries op TikTok. Mei syn grappige filmkes hat hy yn fjouwer moannen tiid 117.600 folgers sammele op de app, dy't tige populêr is by de jongerein oer de hiele wrâld.
Jesse van Wieren © Eigen foto
Jesse sit op de teäterskoalle fan D'Drive yn Ljouwert en wol letter graach fierder mei aktearjen. Foar no libbet er him hielendal út op TikTok. Mei dy app kinst filmkes fan 15 sekonden meitsjen, dêr'tst muzyk ûnder sette kinst en dy kinst dan diele op sosjale media. Mar dat is net it iennige dat mooglik is, seit Jesse. "Sûnder muzyk kinst in filmke fan bygelyks 60 sekonden meitsje, dus kinst ek lytse vlogjes derop sette."

Kreativiteit

Neffens Jesse stimulearret de app syn kreativiteit. "Der binne bygelyks ek bepaalde challenges, sa as ien dêr'tst yn dûnsje moatst. Kinst it altyd wer op dyn eigen manier útfiere en dat is dan hiel leuk. Kinst der echt dyn kreativiteit yn kwyt."
Sa hat Jesse yn syn nijste filmke in dûnske opnaam mei in freondinne. "Dat fine we hielendal hilarysk en foaral as we it weromsjogge, dan laitsje wy ús hielendal siik eins." It filmke hat yntusken 6.300 likes en 79 reaksjes krigen.

Net allinnich wille

Foar Jesse is TikTok lykwols net allinnich mar grutte wille, hy fertsjinnet der ek jild mei. Hy is oansletten by in netwurk fan TikTokkers en docht mei oan reklames, kampanjes en meetings dy't regele wurde út dat netwurk wei. Krekte sifers wol er net sizze, mar: "It is wol serieus, ja."
De fideo-app TikTok waard yn 2017 útbrocht en is yn de hiele wrâld al sa'n 800 miljoen kear download. De app is beskikber yn mear as 150 lannen en 75 talen.
Populêre Fryske TikTokker Jesse van Wieren út Kollumersweach