Tûzen apeltaarten: Lekker minder iten fergrieme

We moatte mei mekoar mear lokaal ite en minder iten fergrieme. Dat fine studinten fan de Friese Poort yn Snits. Troch apeltaarten te bakken wolle se dêr omtinken foar freegje.
Lekker minder iten fergrieme
De studinten wolle yn totaal mear as tûzen taarten bakke fan appels dy't oars fuort moasten. Mei de aksje wolle se ek opkomme foar in mear lokale foedselketen. Dat wol sizze: It iten dat je ite komt fan de lokale boer en wurdt troch in lokale slachter, tsiismakker of bakker ferwurke.
Alle jierren wurde tûzenen kilo's oan iten fuortsmiten. Neffens de Friese Poort is dat net nedich. Faak kinne de produkten noch prima brûkt wurde. De apeltaarten wurde bakt fan goed fjouwertûzen appels dy't oars fuortsmiten wurden moasten om't se net oan de noarm foldogge.

"Hieltyd minder studinten ite fleis"

Neffens dosint Gerard Voskuilen binne de studinten bot mei iten dwaande: "Ze willen precies weten waar hun eten vandaan komt, en je ziet bijvoorbeeld ook dat steeds meer studenten vegetariër worden."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by it taartbakken yn Snits
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn de sintrale hal fan de Friese Poort yn Snits steane de studinten te wurkjen oan it opmeitsjen fan de apeltaarten. Se skile de apels, pleatse se yn it daai en meitsje de taart dernei of. En dat tûzen kear.
It is in soad wurk, mar studint Thijs Hoekstra hat it der foar oer. "Iedereen helpt mee en dan is het zomaar gedaan. Als je de taken maar goed verdeeld."
De studint is bot dwaande mei wêr't it iten wei komt. "Ik kijk altijd wel even of het product niet uit het buitenland komt. Want waarom zou je het van ver halen, als je het ook bij de lokale boeren kunt krijgen.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De taarten wurde dizze hiele wike ferkocht op in spesjale merk dy't op de Friese Poort hâlden wurdt. Dêr kinne oare lokale produsinten ek harren iten presintearre.
De merk is underdiel fan de saneamde World Food Week dy't dizze wike hâlden wurdt.