Kollum: "In boskje lavindel yn de anus"

15 okt 2019 - 09:29

Ofrûne dagen stiene yn it teken fan de Berneboekewike. In goede saak, omtinken foar berneboeken. Sels lêze of foarlêzen wurde is wichtich foar de ûntwikkeling. Us brein hat nammentlik honger, hielendal as it ferstân noch jong is.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

It lêzen of foarlêzen fan teksten soarget foar in ferbettering fan de harsensfunksje. It stimulearret de ferbylding, makket in mentale foarstelling fan dat wat beskreaun is. Dy yndruk bliuwt beskikber, ek nei it tichtdwaan fan it boek.

Soks jout allinne mar foardielen mei it each op kennis en ynsjoch. Ferhalen oer minsken, bisten of fantasijwêzens, oer de takomst of just oer it ferline, generearje bylden dy't it tinken stypje. De ynformaasje dy'tst troch te lêzen opnimst, is iten en drinken foar it brein. Troch jongeren sels lêze te litten of troch foar te lêzen, helpst se te ferbyldzjen, te ferkennen en te ferklankjen. Lêzen foarmet in minske, lyts en grut. It stimulearret de kreativens, helpt by it meitsjen fan plannen en it oersjen fan de konsekwinsjes dêrfan.

Bern kinne sa ek mear te witten komme oer hoe't oaren tinke en fiele. Dat is wer wichtich foar it ûntwikkeljen fan empaty, in fermogen dêr't wy driuwend ferlet fan ha. Emoasjes, fantasij, ferskillende rollen en identifikaasje: dat komt allegear oan 'e oarder by it foarlêzen fan in boek. Boppedat is it in noflik skoftke: even in rêstich momint oan 'e ein fan 'e dei foar âlder en bern allyk. Dat wie it ek foar Maarten van Rossem, de sinnige, synyske histoarikus anneks Nasjonale Brombear. Dy lies eartiids, sa sei er yn in ynterview, syn bern Lord of the Rings foar. Dat moat wol bysûnder west ha, al dy orks, hobbits en elven mei sa'n eamelich lûd op de sliepkeamer fan de lytse Van Rossems.

Hy fertelde oars yn datselde ynterview dat er bepaalde oangripende stikken fantefoaren earst allinne lies, om net yn gûlen út te barsten boppe de bedsjes fan de bern. Wat op himsels al in yn 't moed taastend byld is. It yllustrearret ek de krêft fan it wurd. Miskien is dat de reden wol dat podcasts en harkboeken populêr binne. It is it folwoeksen ekwivalint fan it yn bêd foarlêzen wurde.

No't ik dêroer neitink, soe it wolris in goed ding wêze kinne foar in hiele protte grutten. Melania Trump dy't Donald foarlêst út Pinkeltje, as er lekker yn syn skjinne pamper neist har leit. De nije minner fan Marianne Thieme dy't har foarlêst út De verliefde zebra. Of Rutte syn mem mei de safolste kear De avonturen van Pinokkio foar Mark. Freek dy't syn Katja Schuurman foarlêst út De roos van vlees, of De ongelofelijke avonturen van Bram Vingerling. Ik tink dat it in heilsume ynfloed ha sil. Thierry Baudet dy't neaken op bêd leit mei in boskje lavindel yn de anus, wylst syn Davide him passaazjes út De idioot yn it ear flústeret. Robert Oey dy't Femke Halsema foarlêst út De stad der blinden, wylst er mei syn pistoaltsje boartet.

Lêzen is oeral goed foar. Wy kinne der net jong genôch mei begjinne.

(advertinsje)
(advertinsje)