Neilittige provinsje makke sâltwinning ûnder Waadsee mooglik

15 okt 2019 - 12:45

Nei sâlt boarje yn in beskerme natuergebiet. It klinkt ûnwierskynlik, mar dit jier sil Frisia BV begjinne te boarjen yn de boaiem fan de Waadsee. No docht bliken dat de provinsje de sâltwinning yn Fryslân hielendal stopsette kinnen hie. Yn plak dêrfan hat de provinsje holpen mei it ferpleatsen fan de winning nei see. In rekonstruksje.

Dit artikel yn 1 minút

* It boarjen nei sâlt soarge yn Noardwest-Fryslân foar grutte problemen en ynwenners fan it gebiet fersette har hjir bot tsjin.

* De provinsje Fryslân hat doe holpen om de winning te ferpleatsen nei de Waadsee, wylst se ek hielendal fan de sâltwinning ôf kind hienen.

* De provinsje wie net goed op de hichte fan de ynhâld fan de fergunning foar it winnen fan sâlt, wêrtroch't de konklúzje lutsen is dat sâltwinning hoe dan ek trochgean moast.

* Yn de fergunning stiet dat de sâltwinning ôfbrutsen wurde kin as de ôfprate maksimale boaiemdelgong berikt waard, wat yn dy tiid al gau tichteby kaam.

* Omrop Fryslân hat dit útsocht troch dokumint-ûndersyk, en troch petearen mei eksperts en belutsenen te fieren.

* Foar de ein fan dit jier begjint de winning yn de Waadsee. De Waadferiening makket him soargen oer de gefolgen fan dy winning foar it natuergebiet.

Lêstiid: 10 minuten

Foto: Omrop Fryslân

Sûnt 1995 wurdt sâlt wûn yn Fryslân, noardeastlik fan Harns. Sâltwinning, krekt as gaswinning, kin ta gefolch hawwe dat de boaiem sakket, en dat bart yn it begjin fan dizze iuw ek yn dit gebiet. De boaiemdelgong giet boppedat flugger as ferwachte en boeren en de bewenners fersette har bot tsjin dy sâltwinning.

Tagelyk mei de boaiemdelgong binne der swiere klusterbuien yn de regio en it lân feroaret yn marren. Bewenners fan ûnder oare Doanjum-Boer, Tsjummearum en Winaam binne benaud dat har huzen skea oprinne en boeren sjogge har rispingen en greiden fersûpen. As sâltbedriuw Frisia in nije winningsfergunning, ek wol konsesje neamd, oanfreget, wurdt it de bewenners te mâl en rjochtsje se de aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' op. Se wolle ôf fan de sâltwinning.

Grutte problemen

De heftige protesten berikke ek it bestjoer fan de provinsje. Provinsjale Steaten wolle dat de sâltwinning yn Fryslân ophâldt. En dan komt Sjoerd Galema, destiids CDA-deputearre yn Fryslân, yn byld. Hy moat de boel flot lûke. De deputearre hâldt wol fan in útdaging: "Dat je wat dat fêstsit, loskrije moatte."

Hy sit faak mei de belutsenen om tafel en is dêrtroch trochkrongen fan de omfang fan de problemen. Neffens him binne de lûden út it gebiet ynkringend. "Boeren hiene in soad skea. Ik ha geregeld mei de minsken om tafel sitten, dan fernimme je goed hoe grut oft de problemen binne."

Ik ha my oertsjûgje litten dat it in soad jild kostje soe.

Sjoerd Galema, earder CDA-deputearre
Sjoerd Galema - Foto: Omrop Fryslân

Binnen it provinsjebestjoer bestiet de oertsjûging dat de Fryske sâltwinning net stopset wurde kin, om't de konsesje no ienkear foar 60 jier jûn is oan Frisia. Galema: "Ik ha my oertsjûgje litten dat dat in soad jild kostje soe. Dan moatte je de konsesje ôfkeapje en dat soe hûnderten miljoenen euro's kostje, sa waard sein troch amtners en it SodM (Staatstoezicht op de Mijnen)."

Ut de petearferslaggen fan de provinsje docht lykwols bliken dat der binnen it provinsjehûs en oare bestjoerslagen amper oant gjin kennis wie oer de konsesje foar de sâltwinning. Nearne yn de ferslaggen wurdt de fraach steld oft de oerheid wol meiwurkje moat oan in oergong nei de Waadsee. Nearne wurdt frege oft de sâltwinning net gewoan stopset wurde kin. Ut de ferslaggen wurdt net dúdlik dat ek mar ien de konsesje lêzen hat.

Iensidige ynformaasje

Yn de konsesje, yn hannen fan dizze omrop, stiet lykwols dat troch middel fan maatregels fan de minister (fan Ekonomyske Saken, red.) de sâltwinning stopset wurde kin as de boaiem tefolle sakket. Der is in maksimaal tal sintimeters boaiemdelgong fêstlein yn de konsesje en dat komt yn de tiid fan de protesten al yn sicht.

Hienen de belutsen amtners en bestjoerders de konsesje wol lêzen, dan hie dúdlik west dat Frisia sâlt winne mei mei in maksimale boaiemdelgong. As dy berikt is, moat it bedriuw ophâlde. De bestjoerders krije dus mar beheind en iensidige ynformaasje.

De giele peal is fan belang foar it byhâlden fan de boaiemdelgong yn it gebiet. - Foto: Omrop Fryslân

Bovendien is de provincie juridisch helemaal geen partij bij de concessie.

Kars de Graaf, heechlearaar Bestjoersrjocht en duorsumheid

Yn de konsesje stiet ek neat oer it ôfkeapjen fan in earder beëinige sâltwinning. "Bovendien is de provincie juridisch helemaal geen partij bij de concessie", seit heechlearaar Bestjoersrjocht en duorsumheid (RuG) Kars de Graaf. Mei dy konsesje is in soarte fan 'alleenrechtsverklaring' foar it winnen fan sâlt ûnder betingsten gund oan Frisia troch it Ryk, yn in ôfbeakene gebiet foar in perioade fan maksimaal 60 jier.

Hoewol't der hiel dúdlik provinsjale belangen binne, is de provinsje juridysk dus gjin partij. As der al in partij skea fergoedzje moatte soe by twongen ôfbrekken fan de sâltwinning, soe dat it Ryk west ha, en net de provinsje sa't Galema him fertelle litten hie.

Gjin eigendom

Dan is it ek noch sa, dat Frisia mear oanspraak meitsje kinne soe op in skeafergoeding of in ôfkeapsom as it sâlt yn de grûn al yn eigendom jûn is oan Frisia. Oft dat sa is, is net op te meitsjen út de konsesje en kin neffens De Graaf ek foar in konsesje ferskille. Sa jildt yn de iene konsesje dat allinne it monopoalje op it winnen fan delfstof yn in bepaald gebiet bepaald wurdt, yn de oare konsesje, bygelyks by de gaswinning yn Grinslân, dat de delfstoffen al foar de winning eigendom wurde fan de saneamde konsesjehâlder.

As it yn de boaiem al fan Frisia wêze soe, kin it bedriuw mei mear krêft fan arguminten stelle dat it ekonomyske skea lijt wannear't de winning fan de kant fan de oerheid stopset wurdt. As it sâlt fan it Ryk is, leit de situaasje oars; dan is Frisia earst eigener as it út de grûn omheechhelle is.

Oars hie it wol op de balâns stien.

Durk van Tuinen, direkteur Frisia Zout BV
Foto: Omrop Fryslân

Durk van Tuinen, direkteur fan Frisia Zout BV, ferklearret dat it sâlt dat yn de grûn sit, yndie noch gjin eigendom is fan it bedriuw: "Oars hie it wol op de balâns stien", seit de direkteur. "It stiet net by ús op de balâns, dus is it sâlt yn de grûn fan it Ryk . As it boppe de grûn komt fynt der in soarte fan oerdracht plak. Dan is it fan ús en drage wy in bedrach ôf oan de steat."

Alternatyf

De oertsjûging fan Galema, dat sâltwinning perfoarst trochgean moast yn Fryslân om't de provinsje it skip yngean soe troch de skeafergoeding, doocht dus net. Op grûn fan dit misferstân siket er de oplossing yn in alternatyf en net yn it stopsetten fan de winning. Hy tinkt dat er dêr net ûnderút kin.

Durk van Tuinen fan Frisia wit wol wat dat alternatyf wêze kin. Hy biedt oan om de sâltwinning op lân stop te setten en net troch te gean mei de nije konsesje yn it gebiet East, boppe Doanjum en Boer. Dêr moat wol wat tsjinoer stean. Van Tuinen wol dat de provinsje him helpt mei it krijen fan in fergunning foar it winnen fan sâlt ûnder de Waadsee.

Van Tuinen fynt dat de provinsje in ynspanningsferplichting hat rjochting Frisia: "Sy ha ús nei Fryslân helle om't it belangryk wie foar de ekonomyske ûntwikkeling fan de Harnzer Haven. Dan kinst dit bedriuw net samar yn de steek litte. Ik fyn dat de provinsje in morele ferplichting hie."

Sâltwinning ûnder lân moat ophâlde

Van Tuinen spilet it spul tûk. Hy mei al sâlt winne yn it gebiet East, dat boppe Doanjum en Boer leit. Wittende dat der ferset komme sil, lit er in Miljeu Effekt Rapportaazje opstelle mei in ûndersyk nei de effekten fan it winnen fan sâlt ûnder it lân en ien nei it effekt ûnder de Waadsee.

De foarkarsfariant lit him riede: De Waadsee hat de minste ympakt. Dat wurdt troch alle belutsenen direkt omearme. Se ha mar ien doel foar eagen: It sâltwinnen ûnder lân moat ophâlde. Der geane fuort brieven nei it ministearje fan EZ om oan te jaan dat dit foar elkenien de bêste oplossing is.

Galema hat in goede bân mei de doetiidske minister fan Ekonomyske Saken Maria van der Hoeven, dy't oer de winningsfergunningen giet. As minister is se net hiel populêr, mar Galema kin goed mei har troch ien doar. Al earder wurke er mei har gear by de suksesfolle ferkeap fan de Nuon-oandielen. Hy leit har it probleem foar en ek dizze kear blykt de bân in fruchtbere. Der wurdt in fergunning jûn foar it nije wingebiet 'Havenmond', dizze kear foar de kust fan Harns.

Foto: Omrop Fryslân

Foar ús wie it in pineholle-dossier.

Sjoerd Galema, earder CDA-deputearre

De provinsje is hjir wiis mei. Galema: "Foar ús wie it in pineholle-dossier. Om dat sa ôf te sluten wie foar ús in goede útkomst, want je ha der as provinsje neat oer te sizzen. We meie in advys jaan mar that's it. Alles yn de djippe ûndergrûn is fan de Steat." Ek de aksjegroep is tefreden. Har doel, om de sâltwinning yn har wenomjouwing stop te setten, is berikt en de groep heft himsels op.

Noed oer de Waadsee

Wylst de sâltwinning op lân ûnderwilens foar in grut part ophâlden is, sil dit jier de sâltwinning starte út de haven fan Harns wei. Mei skeane boartunnels wurdt fan de kust ôf it sâlt ûnder de boaiem fan de Waadsee nei boppen helle. De Waadferiening makket him soargen oer dy winning.

Neffens Frank Petersen, projektlieder klimaatferoaring by de Waadferiening, is hielendal net wis oft der wol goed genôch tafersjoch is op de gefolgen foar bisten en natuer yn it UNESCO-wrâlderfgoed. De Waadferiening hat him altyd ferset tsjin it ferpleatsen fan de sâltwinning nei see, mar hat net sa'n suksesfol protest mobilisearje kinnen as de bewenners fan Noardwest-Fryslân.

Dizze wike publisearret Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân. Dit is diel trije fan ús ûndersyk. Yn de foarige dielen ha we sjen litten dat der risiko's sitte oan sâltwinnng, en dat Fryslan in mynbouprovinsje is. Yn it folgjende diel, tongersdei, lizze we út hoe't de kontrôle op de winning yn de Waadsee noch te winskjen oerlit. De Waadferiening sit dêr bot oer yn.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten begjin dit jier met ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan de fjouwer noardlike provinsjes koenen in ûnderwerp pitche dêr't se fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de belangen fan de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)