Grinslân lilk oer Frysk stikstofbeslút: "Niet verstandig dat ik dat zeg"

Dat it Fryske provinsjebestjoer de stikstofmaatregels fan tafel fage hat, hat it bestjoerders yn Grinslân 'minder maklik'makke. Dat seit de Grinslanner deputearre Henk Staghouwer tsjin RTV Noord.
Hûnderten boeren demonstrearren foarige wike yn Ljouwert. Mei trekkers blokkearren se it provinsjehûs. Deputearre Johannes Kramer luts doe de stikstofmaatregels yn.
It boeresúkses krige neifolging yn oare provinsjes. Yn Drinte, Oerisel en Gelderlân waarden de maatregels moandei ek ynlutsen. Yn fiif oare provinsjes hiene protesten dat resultaat net.
Yn Grinslân rûn it út de hân. Doe't de bestjoerders dêr net bûgje woenen, waard de doar fan it provinsjehûs mei in trekker stikkenriden. In hantsjefol boeren stoarme nei binnen. Mei wapenstokken sloegen plysjes se der wer út.
Boereprotest yn Grinslân © ANP
Deputearre Staghouwer fan de Christen Unie begrypt de lilkens fan de boeren wol, seit er by RTV Noord. Hy hâldt fêst oan it belied dat syn kollega's yn Fryslân en Drinte yntusken ynlutsen ha.
Dat se dat dien ha, wekte ferwachtingen by de aksjeboeren yn Grinslân, en dêr wie Staghouwer net bliid mei, seit ferslachjouwer Mario Miskovic fan RTV Noord. "Zijn verbale en non-verbale reactie maken goed duidelijk dat Henk Staghouwer not amused was met het handelen van zijn buurprovincies."
Staghouwer sels seit der it measte net oer. "Ik denk niet dat het verstandig is dat ik hier voor de camera wat over ga zeggen."
"Dit is gebeurd. Ik kan niet spreken over de argumentatie van collegabestuurders en dat doe ik dus ook niet. Maar er gaat zeker over gesproken worden."
© ANP