Biljert, skybaan, bloedprikken: genôch ideeën foar De Skâns

14 okt 2019 - 23:21

Sa'n 150 minsken wiene moandeitejûn op de byienkomst oer de takomst fan kultureel sintrum De Skâns en sportsintrum Koartesweach op De Gordyk. By de gearkomste stie de fraach sintraal wat der barre moat mei De Skâns en Koartesweach. Alle oanwêzigen mochten mei ideeën komme. De organisaasje hopet mei de ynput fan de ynwenners fan De Gordyk in goed plan meitsje te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân

Wurdfierder Bart Maats is ien fan de inisjatyfnimmers fan de gearkomste oer de takomstplannen fan De Skâns en Koartesweach. Hy is tige wiis mei de grutte opkomst. En mei alle ideeën. "De skibaan, dat vond ik een leuke. Maar ook de kartbaan en de indoor-dronewedstrijdbaan vond ik een goede. Had ik nog nooit van gehoord." Oare ideeën wiene in biljerttafel of romte foar bloedprikken.

Maats leit út wat it doel krekt is. "We hebben gezegd: laten we proberen om iedereen bij elkaar te krijgen. Er is al zo vaak geroepen 'er moet wat gebeuren', dus laten we kijken of we de schouders eronder kunnen zetten met z'n allen."

Ferfolchgearkomste

De útkomsten fan de gearkomste wurde brûkt om in plan foar de takomst te meitsjen. Dêrfoar wurdt in ferfolchgearkomste organisearre. Maats: "Nu we weten wat de inwoners allemaal willen, gaan we berekenen hoe vaak en hoeveel er van nodig is. Bijvoorbeeld hoe vaak de korfbalvereniging traint en hoeveel stoelen er nodig zouden zijn voor een theatervoorstelling. Alles wat vanavond benoemd is, nemen we mee. Daarmee maken we de contouren van een nieuw plan."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie by de byienkomst op De Gordyk

(advertinsje)
(advertinsje)