Ljouwerter kafee De Nachtwacht siket dieder stellerij

14 okt 2019 - 23:07

Ut de kassa fan kafee De Nachtwacht yn Ljouwert is it ôfrûne wykein sa'n 1000 euro stellen. Op sosjale media pleatste it kafee moandei in oprop oan de dieder om it jild werom te bringen, mar dy liet net fan him heare.

De dief hie oant njoggen oere moandeitejûn de tiid om it jild anonym yn in envelop by it kafee troch de brievebus te dwaan. Dit is net bard en dêrom nimt it kafee fierdere stappen.

Gouden tip

De Nachtwacht stelt 250 euro beskikber foar dejinge mei de gouden tip. Dy kin trochjûn wurde, ûnder oare fia de Facebook-pagina fan it kafee. De identiteit fan de tipjouwer wurdt net bekend makke.

"Klap in ons gezicht"

De meiwurkers fan it kafee binne bot oandien troch de stellerij. Dei en nacht wurket der in team fan barkeepers, DJ's, útsmiters, proppers, skjinmakkers, kommunikaasjemeiwurkers en organisatoaren om elke nacht foar de besikers wer ta in súkses te meitsjen, seit it kafee op sosjale media. "Vervolgens worden we op deze manier belazerd, noem het gerust een klap in ons gezicht."

Trefwurden: 
stellerij kafee De Nachtwacht
(advertinsje)
(advertinsje)