Aktivisten Extinction Rebellion fiere aksje yn Ljouwert

14 okt 2019 - 22:40

Klimaataktivisten sille út namme fan Extinction Rebellion aksje fiere yn Ljouwert. It protest wurdt hâlden op sneon 26 oktober om 14.00 oere op de Nijstêd by it stânbyld Us Heit.

Foto: EPA

De aktivisten fiere dan twa kear in saneamde 'Die-In' út, in foarm fan geweldleas protest dêr't de aksjefierders by op de grûn lizzen gean en dogge as oft se dea binne. Dit is om út te byldzjen hoe bedriigjend sy de situaasje op ús planeet no fine.

Mei it protest wolle de aksjefierders de oerheid freegje om de wierheid oer klimaatferoaring te fertellen. Der moatte neffens de aktivisten gau beslissingen makke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)