FIDEO: "Fertrouwen steatefraksje VVD hat flinke knau krigen"

It fertrouwen fan de steatefraksje fan de VVD yn Deputearre Steaten hat in flinke knau krigen. Dat sei steatelid én bioboer Marten Dijkstra fan de VVD moandeitejûn yn It Polytburo.
Freed helle deputearre Johannes Kramer syn hanteken ûnder it stikstofbeslút wei. Dat barde ûnder driging fan demonstrearjende boeren, dy't mei trekkers op it Provinsjehûs yn Ljouwert ôfkaam wienen.
De sektor en ek Provinsjale Steaten fielden har passearre troch it beslút fan Kramer. De VVD sil tiisdei yn in spoeddebat oantrúnje op útstel fan de maatregels foar minimaal in jier. Oft deputearre Kramer, of sels it hiele kolleezje, no polityk "bungelt" woe Dijkstra noch net sizze. Hy wol earst it spoeddebat ôfwachtsje.