Leo Pieter Stoel wurdt nije boargemaster Amelân

14 okt 2019 - 21:42

De gemeenteried fan Amelân hat Leo Pieter Stoel unanym foardroegen as nije boargemaster fan It Amelân. Stoel komt op it plak fan Gerard van Klaveren, dy't sûnt 1 july 2018 waarnimmend boargemaster is op it eilân. Healweis jannewaris 2020 sil Stoel oan syn nije funksje begjinne.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Stoel wurket no noch yn it bedriuwslibben, by Aegon Asset Management. Fan 2015 tot 2019 wie hy foar de VVD lid fan de Fryske Provinsjale Steaten. Dêrfoar wie Stoel ûnder oare wethâlder toerisme, rekreaasje en ekonomy fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Ek is Stoel grut leafhawwer fan de wettersport. Sûnt 2000 is hy ynternasjonaal skiedsrjochter by syleveneminten.

Leo Pieter Stoel yn petear mei Jacob Stelwagen

(advertinsje)
(advertinsje)