Basketballers Aris winne dochs noch fan ZZ Leiden: 20-0

14 okt 2019 - 21:25

De basketballers van Aris Ljouwert hawwe de wedstriid tsjin ZZ Leiden fan ôfrûne sneon dochs noch wûn. Yn it Kealledykje waard yn earste ynstânsje mei 77-66 ferlern, mar it basketbalbûn hat it omset nei in reglemintêre 20-0 oerwinning foar Aris. Leiden spile nammentlik mei 'ongerechtigde' spilers.

Foto: Aris Ljouwert

De Dutch Basketball League hantearret sûnt dit seizoen nije regels wat bûtenlanners oanbelanget. Klups moatte mei op syn minst tsien spilers oantrede, wêrfan't minstens fjouwer 'home grown' binne. Dizze spilers moatte foarôfgeand oan de wedstriid opjûn wurde mei in saneamde spilerslist. Spilers dy't net op dy list steane, meie net spylje.

By Leiden stiene der dochs spilers op it skoareformulier, dy't net op de spilerslist stiene. Dizze spilers mochten dus hielendal net yn aksje komme. It bûn hat derom besluten de wedstriid om te setten yn in reglemintêre 20-0 oerwinning foar Aris.

Earste punten

It binne foar Aris de earste punten fan dit seizoen. Earder waard yn eigen hûs mei 85-60 ferlern fan Heroes Den Bosch en op besite by Basketbal Academie Limburg út Weert mei 74-62.

(advertinsje)
(advertinsje)