Groanyske pine bestride mei Fryske virtual reality-bril

Mear as fjirtich Nederlânske soarchynstellingen gripe nei in Fryske útfining op it mêd fan virtual reality, om minsken mei groanyske pine te helpen. In soad minsken bestride dy pine mei swiere pynstillers, sa as oxycodon, fentanyl, tramodol of morfine. Dêr is diskusje oer ûntstien, want de middels kinne ferslaavjend wêze.
Pine te liif gean mei VR-bril
It Ljouwerter bedriuw Reducept hat in VR-bril ûntwikkele dy't ynset wurde kin by pinebestriding. It blykt in súkses te wêzen: al mear as 153 minsken brûke de bril, dy't yn septimber lansearre waard. Ien fan de sikehûzen dy't de bril as behanneling foar groanyske pine yn gebrûk naam, is it MCL yn Ljouwert. Ek by fysioterapie Fysio First yn Ljouwert sette se ynkoarten de VR-bril yn.

Brein foar de gek hâlde

Neffens Louis Zantema, ien fan betinkers fan de bril, wurde de harsens foar de gek hâlden mei de bril. "De bril soarget derfoar dat dyn brein sinjalen út dyn lichem oars ynterpretearret", seit Zantema. Hy wol it fergelykje mei in spannende film. "Je witte wol dat it net echt is, mar dyn harsens jouwe wol in sinjaal, wêrtroch'tsto it spannend fynst."

Utlizze wat pine is

Ut ûndersyk docht bliken dat ien op de fiif minsken lêst hat fan groanyske pine. As minsken langer as trije moannen pine hawwe, dan kin faak al praat wurde oer groansyke pine. Wat helpe kin, is pasjinten fertelle oer wat pine krekt is. "Dat is uitleggen hoe pijn wordt gevormd in je hoofd", seit fysioterapeut Robin de Man. "Het komt binnen via het zenuwstelsel en dan gaat het zich vormen. We leggen uit hoe het in stand wordt gehouden."
Fysioterapeut Robin de Man fan Fysio First © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Man: "We hebben de VR-bril aangeschaft, omdat het ons een effectieve manier leek om mensen uit te leggen wat pijn is." De praktyk sil him net by alle pasjinten ynsette, mar allinnich by minsken by wa't it firtuele 'medisyn' ek echt in taheakke wearde hat.

Betelber

Reducept hopet dat de VR-bril betelber wurdt foar minsken dy't him njonken in sikehûsbesite of in behanneling by de fysioterapeut brûke wolle.
Margriet Fennema en Louis Zantema mei de VR-bril © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Reducept is, sa't se it sels sizze, in e-healthbedriuw. Dat hâldt yn dat se nei technologyske middels sykje om pine te bestriden. It bedriuw sit yn Ljouwert en is opset troch Margryt Fennema en sûnenspsycholooch Louis Zantema.