Sven Kramer hâldt botkniezing oer oan ûngelok yn Inzell

Reedrider Sven Kramer hat in botkniezing oan syn rjochterknibbel oerhâlden by in oanriding ôfrûne sneontemoarn yn Inzell. Dat docht bliken út in MRI-scan dy't moandei makke is. Kramer fleach sneontemoarn út Dútslân wei werom nei Nederlân en moandei waard yn it sikehûs Gelderse Vallei yn Ede de botkniezing konstatearre.
© www.orange-pictures.nl
Ut de scan en in röntgenfoto die ek bliken dat it kreakbien oan de binnen- en bûtenbân fan de knibbel wol yntakt is.

Botsing

De mearfâldich olympysk kampioen wie sneon op syn fyts ûnderweis nei de iisbaan doe't er oanriden waard. In auto kaam út in útrit, mar joech Kramer gjin foarrang, wêrtroch't de twa mei-inoar yn botsing kamen. Kramer is ferromme, sjoen de ympakt fan it ûngelok hie it neffens him slimmer wêze kinnen. It is net wis hoelang't it refalidaasjeproses duorje sil, mar Kramer sil der alles oan dwaan om sa gau as mooglik wer op 'e lap te wêzen.
Wat de blessuere foar gefolgen hat op it wedstriidskema fan Kramer, wurdt wike foar wike besjoen. It earste toernoai dat op it programma stiet, is it World Cup kwalifikaasjetoernoai fan 1 oant 3 novimber yn Thialf.

Heit

Earder dizze wike rekke ek de heit fan Sven Kramer, Yep Kramer, ferwûne by in fytsûngelok.