Earste maraton op keunstiis yn Amsterdam is 'Wedstriid fan de wike'

14 okt 2019 - 18:57

De earste wedstriid fan it maratonseizoen op it keunstiis fan de Jaap Eden IJsbaan is dizze wike de 'Wedstriid fan de wike'. It reedrydseizoen begjint sneon tradisjoneel op de bûtenbaan yn Amsterdam. Mei in ferrassende reedrydster op de dielnimmerslist: Carien Kleibeuker.

"It seizoen giet wer los en dêr moatte wy as Omrop Fryslân fansels wer boppe-op sitte", seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "De maratonsport hat altyd in soad Friezen dy't kâns meitsje op de prizen. Boppedat hinget der altyd ien saak boppe de merk: de Alvestêdetocht. Allinnich al de minime kâns dat dy komt, is reden om de sport te folgjen."

Foto: Omrop Fryslân

Opfallend by de froulju is de namme fan Carien Kleibeuker op de dielnimmerslist. De reedrydster is yntusken 41 jier en hie ferline jier oanjûn dat se der mei ophâldt. "Mar we seagen dat se dizze wike wer op it iis stie en dat se op de dielnimmerslist stiet yn Amsterdam. We krije noch gjin kontakt mei har en har coach Jillert Anema docht der hiel skimich oer." Oare Fryske dielnimmers en kanshawwers binne Manon Kamminga, Bianca Bakker, Merel Bosma en Marijke Groenewoud.

By de manlju binne it de bekende nammen. "De ploech fan Jillert Anema stiet fansels altyd as favoryt op papier. Al wiene se ferline jier absolút net sa dominant as dat se wol west ha." Fryske toppers binne sânfâldich Nederlânsk kampioen Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma en Bob de Vries. "Mar dêrefter sit net safolle mear. It rint kwa Fryske toppers wol wat werom. Of better sein: der komme net echt nije Fryske toppers by."

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)