FIDEO: Race mei auto's op sinne-enerzjy troch Australyske woestyn

De World Solar Challenge, de race mei auto's op sinne-enerzjy, is snein yn Australië úteinset mei ferskate Friezen yn de Nederlânske teams. Sy dogge it goed yn de tocht dwers troch de woestyn, want it poadium wie op de earste dei folslein Nederlânsk.
World Solar Challenge set utein
Willem Jelle Bellinga fan Koudum is lid fan it Vattenfall Solar Team fan de TU yn Delft. By Top Dutch Solar Racing sitte mar leafst sân Friezen, benammen techneuten. It team, dat foar it earst meidocht, stiet op it stuit 7e en it team fan Bellinga stiet op it 2e plak yn de race.
De solar-weinen race dizze hiele wike noch. Se binne snein start yn Darwin, yn it noarden fan Australië, en einigje freed fia ferskate kontrôlestops yn Adelaide, sa'n 3000 kilometer súdliker.
© ANP