FIDEO: Aris-coach Ferried Naciri wol it team mei 'minygoals' foarút bringe

Ferried Naciri is sûnt dit seizoen de nije coach fan Aris Ljouwert. De 30-jierige Belch wurke earder as assistint- en haadcoach by Leuven Bears en stie ôfrune seizoen as assistint ûnder kontrakt by it Deenske FOG Naestved. De jonge trainer hat syn eigen filosify oer it ferbetterjen fan syn spilers. Dat docht er ûnder mear mei it stellen fan 'minygoals', al levere dat oant no ta noch gjin punten op foar Aris.
Portret Aris-coach