Fryske Motor bringt oade oan ambachten oer de hiele wrâld

Ambachtslju út de hiele wrâld ha it ôfrûne jier wurke oan in nij keunstwurk ûnder lieding fan Éric Van Hove: de Fryske Motor. Dat wurk is moandei yn it Fries Museum yn Ljouwert ûntbleate.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Fakminsken út Fryslân, Marokko, Sweden en Yndonezië ha wurke oan de reproduksje fan de motor út in Claas Jaguar fjildhakseler. It motorblok is makke fan ferskillende materialen en ûnder oare ek beskildere mei Hylper skilderwurk.
Koördinator fan it projekt, Daphne Verberg, is bliid dat it motorblok no op seal te bewûnderjen is. "Het is een prachtig ding, waar een heel jaar aan is gewerkt door tientallen ambachtslieden uit de hele wereld, waaronder zo'n acht of negen uit Friesland."
Ofrûne wike ha se dêroan wurke yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. "Daar zijn alle onderdelen van de puzzel passend gemaakt." It unike oan dit projekt is dat minsken fan ferskillende kultueren gearwurke ha. "Botsnijders uit Marokko en Indonesië hebben elk hun eigen cultuur, maar werkten nu samen. Die uitwisseling maakt het groots."
It boadskip fan betinker Éric van Hove, dat er mei de tentoanstelling útdrage wol, is it opnij wurdearjen fan de ambachten. "In Marokko is een ambachtsman een hele andere baan dan in Nederland. Op de tentoonstelling kun je je daar bewust van worden."
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei de koördinator
"Dit is geweldich, prachtich, hjir ha we mei syn allen oan wurke. It hat in hiel skoft duorre", fertelt Titus Stallmann, ambachtsman fan de Hylper skilderkeunst. "De tentoanstelling is yn febrewaris iepene en we binne no oktober. Yn it begjin tocht ik 'wêr giet dit hinne' en no't it klear is, is it prachtich. In hiel soad ambachtsgebieten komme by elkoar. Earst ferwachtest net dat dat kin, mar it stiet der no."
"Alles falt no yn harmony by elkoar. It Harnzer tegelwurk is fan ûnderen ôf opboud mei in plato, dan komt it motorblok en dan komt it blauwe fan ús, sa krijst in moaie oergong."

Us Heit

Van Hove hat it keunstwurk 'Us Heit' neamd. "It is fansels in baas fan in ding, dus dat is wol tapaslik." Neffens Stallmann bynt dit keunstwurk minsken. "It is fan de gewoane man, ik ha neat mei motors, mar ik fyn it wol prachtich. It is Éric slagge om de minsken by elkoar te bringen. We wienen yn Marokko en ast dan sjochst dat de oar ek in ambachtsman is, falt alles yn ien. Dan brekt it iis. Praatst deselde taal."
De Fryske Motor wurdt taheakke oan de tentoanstelling Éric Van Hove: Fenduq. Dy is noch oant en mei 5 jannewaris 2020 te sjen.
Titus Stallmann
Programmamakker Bart Kingma folge foar Fryslân DOK it proses en makke dêr in film fan dy't op 8 novimber te sjen is op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert.
Op Omrop Fryslân komt dy film yn trije dielen op Omrop Fryslân telefyzje, op 24 en 31 novimber en 8 desimber. In dei earder binne se te sjen op NPO2.