Hast fjirtich sollisitanten foar dykgraaf by Wetterskip Fryslân

Der binne 39 sollisitanten dy't de nije dykgraaf fan Wetterskip Fryslân wurde wolle. It giet om 9 froulju en 30 manlju. De measten fan har binne tusken de 50 en de 60 jier. De funksje fan dykgraaf komt frij, omdat sittend dykgraaf Paul van Erkelens op 1 jannewaris mei pensjoen giet.
Wetterskip Fryslân © Wetterskip Fryslân
In fertrouwenskommisje praat de kommende tiid mei mooglike kandidaten. It algemien bestjoer draacht dan in gadingmakker foar oan Deputearre Steaten. Dêrnei wurdt de nije dykgraaf offisjeel beneamd troch de Kroon.
De ferwachting is dat de nije dykgraaf mei yngong fan 1 maart takom jier oan de slach giet.
Paul van Erkelens © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nije jeugddykgraaf

Merel Fiets út Ljouwert is de nije jeugddykgraaf fan Fryslân. De 14-jierrige Merel sil tiisdei ynstallearre wurde by de gearkomste fan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Se nimt de funksje oer fan de 19-jierrige Melissa Brandsma út Folsgeare.