Undersyk: Fryslân is in mynbouprovinsje en dat jout risiko's

14 okt 2019 - 17:00

Tinkend oan Fryslân sjogge de measte minsken de griene greiden, kij en skûtsjes foar har. Mar ús provinsje hat ek in hiele oare kant. Wat hast net ien him realisearret, is dat hast de hiele provinsje fergund is oan mynboubedriuwen.

Yn Fryslân wurdt, krekt as yn Grinslân, gas wûn. Dêrneist wint Frisia BV hjir sâlt, en wurdt der ierdwaarmte wûn en opslein. Op mar ien lyts stikje fan it fêstelân, de Keale Dunen by Appelskea, is noch gjin winningsfergunning útjûn. Sokke winningsfergunningen, ek wol konsesjes neamd, wurde jûn troch de minister fan Ekonomyske Saken oan mynboubedriuwen, lykas de NAM en lykas Frisia BV. De provinsje en gemeenten dêr't it sâlt of gas úteinlik út de grûn komt, hawwe allinne in advisearjende rol by it jaan fan dizze fergunningen.

Sâltwinning kin foar problemen soargje, krekt as gaswinning. Yn Twinte is al ris in kaverne, in holte dy't achterbliuwt as it sâlt út de grûn helle is, ynstoart en yn East-Grinslân is ek al skea ûntstien oan huzen. Yn Fryslân wie sa'n fyftjin jier lyn in soad protest tsjin de sâltwinning om't troch de boaiemdelgong in soad skea ûntstie oan huzen en lân.

(advertinsje)
(advertinsje)