Sportcast: "Cambuur hat in spilersfûns fan ien miljoen euro"

14 okt 2019 - 16:16

SC Cambuur stiet sintraal yn dizze Sportcast. Algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerters skoot oan by ús analisten Geert van Tuinen en Arjen de Boer en presintator Roelof de Vries. Sy prate ûnder oare oer de wedstriid tsjin MVV, it nije stadion en it spilersfûns.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Yn dizze Sportcast wurdt praat oer de 'Heren van Cammingha', in groep fan sa'n tritich minsken dy't mei-inoar sa'n miljoen euro bydrage oan it spilersfûns. Dit fûns is oprjochte om de jierren oant it nije stadion te oerbrêgjen. Ard de Graaf: "We willen Cambuur zoveel smoel geven dat we als sportief welvarend het nieuwe stadion kunnen betreden."

Teloarstellende wedstriid

Op de koarte termyn is de doelstelling neffens Ard de Graaf 'de glimlach weer terugkrijgen'. Dat is neffens Arjen de Boer al slagge, al wie de wedstriid tsjin MVV net al te bêst.

Tsjin MVV waard it 0-0 yn in wedstriid dy't neffens De Boer 'net om oan te sjen' wie. Geert van Tuinen fynt lykwols net dat it likense spul in skande wie: "It is minskewurk. Dit kinne je in kear hawwe."

It ferdigenjende spul fan de thúsploech út Maastricht foel ek op, mar dêr sil Cambuur him op wapenje moatte, want 'dit gaan we in de toekomst veel vaker krijgen', seit De Graaf.

Nije stadion

Earder kaam yn it nijs dat it nije Cambuurstadion mooglik pas yn oktober 2021 klear om yn te spyljen wêze soe. Neffens De Graaf wurdt der dochs besocht om it earder ôf te krijen: "De doelstelling is om het seizoen 2021/2022 te starten in het nieuwe stadion."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)