Sweedske Fikingskedel te sjen op nije tentoanstelling yn Fries Museum

It Fries Museum yn Ljouwert krijt in bysûndere brûklien út Sweden foar de tentoanstelling 'Wij Vikingen'. It giet om in skedel fan in Sweedske Fiking dy't út it Gotlands Museum yn Visby komt. It is foar it earst dat soks yn Nederlân te sjen is.
© Ruben van Vliet
De foartosken fan de skedel binne file, in typysk gebrûk ûnder Fikingen. Dat fyljen dienen se om tsjinstanners eangst oan te jeien. De linen makken se yn it glazuer, soms follen se de groeven mei pigmint, lykas koal of in oare kleurstof.
De tentoanstelling 'Wij Vikingen' iepenet op 19 oktober.