Kolleezje foar senioaren yn Burdaard, jûn troch studint-dosinten

14 okt 2019 - 15:23

Senioaren dy't mear útdage wurde wolle, kinne meikoarten kolleezjes folgje. Dizze kolleezjes wurde organisearre troch de Stichting Oud Geleerd Jong Gedaan (OGJG) en jûn troch studint-dosinten.

Foto: www.mfcburdaard.nl

De tema's fan de kolleezjes binne it bewiis fan de Fikingen yn Noard-Nederlân, it keninkryk Frisia, gebrûken en goaden en wat dêr hjoed-de-dei noch fan te sjen is.

Nijsgjirrigens om mei te tinken en te praten is genôch om oan de kolleezjes meidwaan te kinnen. De kolleezjes kinne allegear, mar ek los fan mekoar folge wurde. Se wurde jûn op freedtemiddei yn novimber yn multyfunksjoneel sintrum Het Spectrum yn Burdaard.

(advertinsje)
(advertinsje)