HEA! Trije generaasjes yn Burgumer skroathannel Venema
Seis dagen yn de wike wurkje se mei-elkoar yn itselde bedriuw: skroathannel Venema yn Burgum. Pake Klaas, heit Durk en mem Hennie en dan ek noch beide soannen Pieter en Klaas. De skroathannel is in echt famyljebedriuw, 55 jier lyn oprjochte troch pake. Der is wolris spul, mar tagelyk binne de Venema's ek hiel hecht.