Prelude-oertinker Koen Zondag ferstoarn

Koen Zondag is ôfrûne sneon stoarn. Yn it radioprogramma Prelude fan Omrop Fryslân wie hy ien fan de minsken dy't de oertinking fersoarge.
© Omrop Fryslân
Koen Zondag (1938-2019) syn lêste publikaasje ferskynde earder dit jier. Dêrfoar ynventarisearre er yn de argiven fan Tresoar de Fryske stavering. Syn analyze oer de perioade fan likernôch fan 1945-1976 waard it boek 'De staveringskwestje soarret noch'.
Zondag wurke jierren lang by MSU, hjoed-de-dei Cedin, as adviseur op it mêd fan twatalich ûnderwiis. Hy hat ek ferskate publikaasjes op syn namme oer twatalich ûnderwiis.
Twa jier lyn ferskynde it boek 'Dhr. is verward', dat oer syn sykteproses gie. Yn 2015 waard termkanker by Zondag konstatearre.