Proef yn twa gemeenten om minsken mei krappe beurs te helpen

14 okt 2019 - 13:27

De gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel begjinne mei in proef om minsken mei in krappe beurs te helpen. Dy minsken kinne advys krije oer wat foar regelingen en taslaggen der allegear foar har binne.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

In adviseur sjocht ek mei har nei de mooglikheden fan in foardieliger syktekostefersekering en enerzjyleveransier. De minsken dy't der gebrûk fan meitsje wolle, krije de adviseur thús oer de flier.

It giet earst om hûndert minsken dy't meidogge oan de proef fan de Voorzieningenwijzer. Oan de proef dogge net allinne de gemeenten mei, mar ek de Bewonersraad en de wenningkorporaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)