Identiteitsfraude yn Beetstersweach yn Opsporing Verzocht

14 okt 2019 - 13:24

It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht hat tiisdei omtinken foar in gefal fan identiteitsfraude en oplichting yn Beetstersweach. Fia it account fan in frou út dat doarp is in djoere telefyzje besteld by in webwinkel.

Online fraude - Foto: Shutterstock.com

It adres fan de frou wie feroare yn dat fan in ôfheladres yn Beetstersweach. Dêr waard de telefyzje ophelle troch in noch ûnbekende man.

In bewakingskamera hat bylden makke fan de fertochte. Dy binne te sjen yn Opsporing Verzocht.

(advertinsje)
(advertinsje)