Bauke van der Pol: "Ik hie gjin tiid om Willem-Alexander en Máxima reistips te jaan"

14 okt 2019 - 12:56

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne de kommende dagen yn Yndia op Steatsbesite. De besite begûn moandeitemoarn mei allerhanne offisjele en formele aktiviteiten. Letter yn de wike komme se op plakken dy't ek in link ha mei Nederlân én mei Fryslân. Ien fan dy plakken is it havenplak Cochin. Antropolooch Bauke van der Pol út Harns leit út wêrom't de kening en keninginne dêr hinne sille.

Foto: ANP Foto

It wichtichste havenplak dêr't in dúdlike Fryske histoarje leit, is Cochin, dêr't de kening en keninginne ek nei ta sille. Van der Pol: "In predikant út Dokkum hat dêr sân jier op de kânsel foar de tsjerke fan Cochin stien. Hy hat 37 brieven stjoerd nei famylje en freonen yn Fryslân. Dy brieven binne bewarre bleaun."

Twa wike lyn moete Van der Pol it keninklik pear by de presintaasje fan it boek 'India and the Netherlands: past, present, future', dêr't er oan meiwurke hat. Tiid om Willem-Alexander en Máxima sels in pear reistips te jaan, wie der spitich genôch net. "Ik ha net persoanlik mei harren sprutsen. Ik wie mar ien fan de minsken dy't it keninklik pear moetsje mocht. Mar it is gjin tafal dat se nei Cochin ta gean."

Sels sil Van der Pol ynkoarten ek wer nei Yndia. "Ik sil der sels yn novimber nei ta. Oant dy tiid folgje ik de Steatsbesite oan Yndia fia it nijs."

(advertinsje)
(advertinsje)