Sylferieningen yn Grou binne no eigener fan starteilân yn Pikmar

14 okt 2019 - 12:43

It starteilân yn de Pikmar by Grou hat in nije eigener. It wie earder yn hannen fan rekreaasje-organisaasje De Marrekrite, mar is no eigendom fan de mienskiplike syl- en wettersportferieningen yn Grou.

Foto: Durk Talsma

"It starteilân, ek wel Grut Eilân, is belangryk by wedstriden as start- en finishplak", fertelt Durk Talsma fan de Stichting Zeilsport Grou.

Tsien jier lyn is it opknapt yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. "Doe is ôfpraat dat we it behear en ûnderhâld sels dwaan soenen en dat it yn eigendom bleau fan de Marrekrite. Mar nei tsien jier is de oerdracht formalisearre en hawwe we as eigener mear yn de brij te brokkeljen. Mochten der rare dingen op it eilân wêze, dan kinne we dêrneffens hannelje." De stichting hopet dat mei de oerdracht de organisaasje fan sylwedstriden op it Grouster wetter hiel lang garandearre is.

By de stichting sitte de Koninklijke Zeilvereeniging Oostergoo, Koninklijke Watersportvereniging Frisia, Watersportvereniging De Meeuwen en Vereniging Grouster Watersport en ek de Skûtsjekommisje Grou.

Trefwurden: 
Grou Starteilân Pikmar
(advertinsje)
(advertinsje)