Nynke Koopmans: "Dat oare boeren ús Fryske foarbyld folgje, is in boppeslach"

14 okt 2019 - 12:34

"Ik kin my net foarstelle dat de boeren dy't hjoed protestearje by provinsjehûzen harren werom nei hûs ta stjoere litte sûnder itselde risseltaat as hjir yn Fryslân." Dat seit Nynke Koopmans, âld-steatelid foar de VVD en yntusken ûnôfhinklik gemeenteriedslid yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Foto: Omrop Fryslân

Yn neifolging fan it boereprotest ferline wike freed yn Fryslân protestearje boeren yn oare provinsjes moandei manmachtich by de ferskate provinsjehûzen. Koopmans is hiel benijd oft oare provinsjes ek in skras troch harren stikstofmaatregels sette sille, sa't deputearre Johannes Kramer dat freed wol die.

In boppeslach

Koopmans wie freed oanwêzich by it Fryske protest op it provinsjehûs yn Ljouwert. Se is mar wat grutsk op it foarbyld dat de Fryske boeren dêrmei ôfjûn ha oan kollega's yn de rest fan it lân. "Ik fyn it in boppeslach dat al dy boeren hjoed ús Fryske foarbyld folgje." Koopmans hat boppedat in goed gefoel oer de útkomsten fan dizze protesten. "Ik krij allerhanne filmkes en foto's binnen en ik kin my net foarstelle dat dizze boeren harren werom nei hûs ta stjoere litte sûnder itselde risseltaat as hjir yn Fryslân. It bestean fan ús as boeren wurdt fuorthelle. Dêrom litte wy as boeren net samar nei hûs stjoere. "

Weromfluitsje

Koopmans sei begjin oktober har lidmaatskip op fan de VVD as protest op it stikstofbeslút. Se is yntusken ûnder oare aktyf yn de Stichting Stikstofclaim. Doel fan de stichting is om in juridysk proses te begjinnen om sa de oerheid werom te fluitsjen. "Boeren kinne har oanmelde by de stichting en dat dogge se manmachtich, fertelt Koopmans. "Wy binne sûnt woansdei aktyf en oant no ta hawwe har al hast 400 boeren oanmeld. De stichting hat net as doel om yndividuele boeren te helpen, mar om sjen te litten dat de oerheid syn belied basearre hat op net fundearre gegevens. Wy wolle dat der op basis fan goede sifers fatsoenlik belied makke wurdt."

Foto: Omrop Fryslân

Neat feroare

Moandeitemiddei is der oerlis mei deputearre Johannes Kramer. Koopmans bliuwt nuchter oer wat dat opsmite sil. "Wat my betreft wurde der gjin ôfspraken makke, want tusken hjoed en freed is der noch hieltyd neat feroare. Der moat earst in helder byld wêze op basis fan realistyske sifers, foardat wy ferfolchmaatregels nimme kinne."

Op it matsje

Deputearre Johannes Kramer moat syn beslút om in skras troch it belied te setten woansdei taljochtsje yn in spoeddebat by de Steaten. Koopmans: "Hy moat op it matsje komme. Ek dat debat moatte wy noch ôfwachtsje."

(advertinsje)
(advertinsje)