Kijlstra wiis mei wetsfoarstel: "Erkenning foar ambulânsepersoniel"

Minsken dy't helpferlieners lestich falle of bedrige by harren wurk, krije fan no ôf altyd in selstraf. Ministers Grapperhaus fan Justysje en Feilichheid en Dekker fan Rjochtsbeskerming pleitsje derfoar yn in nij wetsfoarstel.
© Kijlstra
Yn Fryslân falt geweld tsjin minsken fan plysje, brânwacht en ambulânsepersoniel wol ta, mar Sietze Kijlstra fan Kijlstra Ambulânsesoarch fynt it in goed sinjaal. "It komt net wykliks foar, mar alle kearen dat it gebeurt is der ien kear tefolle. Us minsken binne enoarm ûnder de yndruk as it wol foarkomt. Se wolle feilich har wurk dwaan kinne."
Hy is wiis mei de erkenning en de oandacht dy't der no mei dit wetsfoarstel komt. "Dat wurdt bot op priis steld, mar de strafmaat is oan de rjochter." By in melding docht it bedriuw oanjefte by de plysje en soms komt it ta in rjochtsaak. "We stypje de meiwurker, sawol juridysk as mentaal."
"In kear smiet ien bloed nei ien fan ús ambulânsemeiwurkers. Dat is my wol bybleaun, dat wie hiel naar. De kollega hie tritich jier ûnderfining, mar dy hie soks noch noait meimakke. Dêr is doe wol in rjochtsaak fan kaam, mar gjin straf, om't net oantoand wurde koe dat it in mishanneling wie. Dat is dan wol swier, dat ien der mei wei komt."
Kielstra syn ûnderfining is dat minsken op sa'n momint net yn de gaten hawwe wat se dogge. "Faak ha se achternei spyt, mar it moat wol bestraft wurde."