ACHTERGRUN: Sâltwinning: wol skea, net folle baten

14 okt 2019 - 12:00

Nederlân is yn Europa de op ien nei grutste produsint fan sâlt. De sâltwinning hat lange tiid yn it skaad stien fan de gaswinning. Krekt as by it gas binne de skealike gefolgen lang bagatellisearre. Dêr komt stadichoan feroaring yn. Mar in 'ôfbouplan' ûntbrekt noch.

[auteurs: Goos de Boer en Arne van der Wal]

Foto: Omrop Fryslân

Dit artikel yn 1 minút

Wêr giet dit oer?

  • Nei Dútslân is Nederlân de grutste sâltprodusint fan Europa. It grutste diel fan dat sâlt komt út de boaiem yn Twinte en Noardeast-Grinslân, mei lytsere sâltwinningsgebieten yn it westen fan Fryslân.

  • Mar sâltwinning is net sûnder gefaren. It sâlt dat wûn wurdt, lit kavernes (holten) achter, guon sa grut as in fuotbalstadion. Wannear't dy ynstoarte, fersakket de boaiem en kinne enoarme sinkholes ûntstean.

Wêrom moat ik dit lêze?

  • Sâltwinning hat lang it 'ondergeschoven kindje' west fan de gaswinning. De negative gefolgen binne dêrom lang bagatellisearre of goedpraat ûnder it it mom fan wurkgelegenheid.

  • De mynboubedriuwen dy't it sâlt winne, binne yntusken yn bûtenlânske hannen. Dêrtroch floeit de winst foar in grut part oer de grins, wylst de kosten fan de skea op de skouders fan de Nederlânske belestingbeteller telâne komme.

Hoe hat FTM dit ûndersocht?

  • Dit artikel makket diel út fan it ûndersyk nei de gefolgen fan sâltwinning yn Noard- en East-Nederlân, dat FTM en de publike regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost dien ha.

  • It ûnderwerp is mei bepaald troch it publyk fan FTM en de omroppen yn de pitchwedstriid #noordoostpitch. De regionale omroppen fan Noard- en East-Nederlân jouwe dizze wike ekstra omtinken oan de sâltwinning yn har provinsje.

Lêstiid: 18 minuten

Op it earste gesicht liket sâlt yn neat op ierdgas. Nim allinnich al de opbringsten: de steatskas hat sûnt 1965 hast 417 miljard euro oan ierdgasbaten ynbard, wylst de opbringsten fan de konsesjes foar sâltwinning te ferwaarleazgjen binne. Yn it Jaarverslag Delfstoffen en aardwarmte wurdt in soad oar sâlt sein, mar neat oer de sâltbaten foar de Steat. Dy binne der dan ek net.

Yn dat opsicht is sâlt it 'lelijke eendje' fan de Nederlânske boaiemskatten. Dochs is sâlt nei ierdgas it wichtichste mineraal dat yn Nederlân wûn wurdt. Nederlân telt 16 winningsfergunningen foar sâlt; de lokaasjes befine har allegear yn it noarden en easten fan Nederlân. Yn 2018 waard 6,7 miljoen ton sâlt wûn. Nederlân is dêrmei nei Dútslân de twadde produsint fan sâlt yn Europa. Wrâldwiid stiet ús lân op it njoggende plak.

De sâltwinning hat altyd yn it skaad fan it gas stien, hielendal as it giet om it omtinken om de risiko's. Dat omtinken is der lokaal wol, mar it ûnderwerp stiet net skerp op de radar fan de nasjonale polityk. De risiko's en de maatskiplike kosten binne altyd bewust of net weiwiuwd.

Krekt as by de gaswinning. "In beide gevallen worden de risico's gebagatelliseerd, met als gezamenlijk motief economisch gewin. Het lijkt verdacht veel op elkaar", seit Adriaan Houtenbos, âld-NAM-meiwurker en sûnt 2000 ûnôfhinklik spesjalist op it mêd fan boaiemdelgong. Houtenbos hat jierren achterinoar om 'e nocht warskôge foar de boaiemdelgong as gefolch fan gaswinning yn Noard-Nederlân. Neffens him ferrint dy delgong rapper en ritiger as de achterhelle modellen fan de NAM foarsizze.

Hoewol't ûngelyk oer him tocht wurdt, wurdt Houtenbos tsjintwurdich wól serieus nommen. Hy waard as saakkundige útnûge by it alderearste rûnetafelpetear oer sâltwinning fan de fêste Keamerkommisje foar Ekonomyske Saken en Klimaat, yn septimber 2018. Yn syn position paper stelde Houtenbos dat ek by de sâltwinning, "in tegenstelling tot de gangbare mening in de sector, aardbevingen ontstaan. Aardbevingen door zoutwinning leveren dezelfde schade op als die door gaswinning". Houtenbos seit dat by alle ynsidinten dy't der de ôfrûne jierren west ha, gjinien "vóór aanvang van de winning als reële mogelijkheid werd onderkend".

Foto: Omrop Fryslân

Dizze wike publisearret Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân. Dit is diel ien fan ús ûndersyk. Tiisdei litte we sjen hoe't de sâltwinning fan lân nei de Waadsee ferpleatst waard.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten earder dit jier mei ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel koenen in ûnderwerp pitche dêr't sy fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen. Yn alle fjouwer de provinsjes spylje ferhalen dy't te krijen hawwe mei de gefolgen fan sâltwinning.

Veel van deze potentiële sinkholes zullen groter en dieper zijn dan die in 1991.

Warskôging fan AkzoNobel yn 2015

Mei oare wurden: wy tinke wol dat de risiko's leech binne, mar yn werklikheid ha we der benammen net sa'n goed byld fan. Houtenbos is fan miening dat de oerheid by de beoardieling fan de risiko's te bot útgiet fan de teoretyske modellen dy't de mynbouwer ferstrekt hat. En dy ha neffens Houtenbos noait akkuraat west.

Krekt as by de gaswinning waagje ekonomyske belangen yn de sâltwinning swierder as it algemien maatskiplik belang, konstatearret Houtenbos. Pogingen om feiten boppe tafel te krijen, wurde "in de praktijk ernstig belemmerd door een gekunsteld beroep op bedrijfsvertrouwelijkheid/concurrentiegevoeligheid", seit Houtenbos. "Zo stuitte de vrijgave van de meest saillante details van recente incidenten in de voorbereiding van dit rondetafelgesprek op bezwaren van mijnbouwers."

Ynsidint nei ynsidint

En ynsidinten, dy ha der de ôfrûne desennia west. Sterker, ferskate ynsidinten kinne direkt taskreaun wurde oan de sâltwinning. It beruchtste gefal datearret út 1991: doe stoarte yn Twinte in sâltkaverne yn, mei in djippe kûle yn de grûn as gefolch. Der binne op it stuit noch 41 oare kavernen yn Nederlân, dy't neffens eigener Nouryon (earder AkzoNobel) yn potinsje ynstabyl binne: "Veel van deze potentiële sinkholes zullen groter en dieper zijn dan die in 1991", warskôge AkzoNobel yn 2015.

Nei ferskate ynsidinten, wêrby't sprake wie fan lekkaazjes, stiet Nouryon sûnt 2016 ûnder ferskerpe tafersjoch fan Staatstoezicht op de Mijnen (SodM). Dochs giet de produksje troch, sa befêstige minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK) op 3 oktober yn in Keamerbrief. Oanlieding dêrfoar wie dat SodM dizze simmer yn in brief oan Nouryon fêststeld hie dat der noch hieltyd tekoartkommingen binne yn de feilichheidsstruktuer. It ferskerpe tafersjoch bliuwt foarearst hanthavene.

Ek yn Fryslân ha ynsidinten west. Boeren yn de omjouwing fan Harns hienen te krijen mei wetteroerlêst op harren lân nei't bliken die dat de boaiemdelgong folle rapper gong as ferwachte. Takom jier ferpleatst it bedriuw de sâltwinning folslein nei see, trije kilometer foar de kust fan Harns. Dêrfoar hat it Ryk in nije winningsfergunning ôfjûn.

Foto: Omrop Fryslân

En dan Grinslân. Yn 2017 waard in tal lichte ierdbevingen eastlik fan Winschoten earst oan de gaswinning taskreaun, mar by neier ûndersyk die bliken dat dy feroarsake wiene troch sâltwinning. De winning fan magnesiumsâlt troch Nedmag yn East-Grinslân en it grinsgebiet mei Drinte hat laat ta fersakkingen en skea oan huzen. Yn de maitiid fan 2018 moast Nedmag op lêst fan it SodM de winning stillizze. Yn ien fan de kavernen wie in skuor yn it dak ûntstien, wêrby't in grut folume oan pikelwetter en disel fuortlekt wie. Neffens it SodM is it direkte gefolch dêrfan dat de boaiem rapper sakke. En dat liedt wer ta skea oan huzen.

It binne allegear 'ynsidinten'. De gefolgen fan sâltwinning lykje op it earste gesicht net spektakulêr. Der binne gjin grutte ierdbevingen, gjin heal ynstoarte pleatsen, grutte gatten of nei disel stjonkend grûnwetter. Dochs binne se wol slim, en draaie wy mei ús allen op foar de kosten.

By sâltwinning ûntstiet de measte skea troch de boaiemdelgong, en dêrby giet it net allinnich om fersakke huzen, lykas dat fan Jakoba Gräper yn Borgercompagnie. As de boaiem sakket, komt it relative grûnwetterpeil omheech. Dêrtroch kin de grûn te wiet wurde foar de lânbou; dat wieter wurden lân moat wer drûchpompt wurde troch it wetterskip. Mar dat liedt wer ta fierdere krimp fan de ûnderlizzende feanlagen. Dat is net werom te draaien. Yn de kustgebieten liedt it hieltyd legere grûnwetterpeil ta it sâlter wurden.

Wylst de seespegel de kommende desennia hieltyd fierder omheechgiet, sakket de boaiem yn it noarden fan it lân as gefolch fan gas- en sâltwinning almar. Neffens eksperts lykas Houtenbos bart dat hurder, ritiger en yn in net te foarsizzen tempo. En net yn in fêst tempo en matich, wat de mynboubedriuwen altyd beweard ha.

Dochs is der (noch) gjin diskusje oer de winning fan sâlt sels. Hoe is dat te ferklearjen? Wêrom lizze we ús blykber del by de maatskiplike skea? En wa ha der eins baat by de sâltwinning?

Ekonomyske pylder

Sâlt hat troch de iuwen hinne fan grut ekonomysk belang west, ek foar Nederlân. Guon historisy ferlykje de betsjutting fan sâlt sels mei dy fan oalje. Dat mei yn dizze tiid wat oerdreaun lykje, mar foar't keunstmjittige kuolling bestie, wie sâlt it wichtichste yngrediïnt om iten goed te hâlden. Ek hjoed-de-dei is sâlt in wichtige grûnstof foar de gemyske yndustry.

Sûnt de midsiuwen helle Nederlân sâlt benammen út Frankryk en Portugal. Dêr waard it wûn yn saneamde sâltpannen: in keunstmjittich bekken dêr't seewetter yn de hjitte ferdampt en sâlt yn kristalfoarm oerbliuwt. Dat súdlike sâlt spile in tige wichtige rol yn de saneamde memmenegoasje, de hannel mei de lannen om de Eastsee hinne. Sâlt en wyn wiene de wichtichste produkten dy't Nederlânske hannelers rjochting de noardlike wrâld ferskippen.

Yn de rin fan de 19de iuw kin sâlt troch nije myn- en boartechniken hieltyd better út djippe ierdlagen wûn wurde. Nederlân bliuwt op dat flak achter: pas yn 1918 ferstrekt it Ryk de earste konsesje, yn it Twintske Boekelo. De útbater, Koninklijke Nederlandse Zoutindustrie, is ien fan de ûndernimmingen fan wêrút nei in lange rige fúzjes en oernames it Nederlânske AKZO ûntstien is. Yn 1994 fusearre dat mei it Sweedske Nobel Industries ta AkzoNobel en waard it in echte multynasjonal.

De sâltwinning yn Twinte (en letter ek yn Grinslân) hat in grutte rol spile yn de ûntwikkeling fan de gemyske yndustry. Dat wie benammen in Nederlânske oangelegenheid. Tûzenen Nederlanners tanken har baan deroan of profitearren fan it dividint dat AKZO oan har pensjoenfûns útkearde. It jilde as in sjyk bedriuw: it bestjoer, mei foarsitters as Aarnout Loudon en Kees van Lede, stie derom bekend dat it direkte persoanlike bannen hie mei it Keninklik Hûs.

Ein ferline jier kaam oan dat Nederlânske karakter in ein. AkzoNobel ferkocht syn Special Chemicals-tak (dêr't de sâltaktiviteiten ûnderbrocht binne) oan it Singaporeeske steatsfûns GIC en The Carlyle Group, in Amerikaanske ynvestearringsmaatskippij. It ferselsstannige diel waard omdoopt yn Nouryon (sjoch kader).

Foto: Omrop Fryslân

Twinte en Noardeast-Grinslân: sâlt yn hannen Amerikaansk private equity

Nouryon, yn 2018 goed foar 83,8 persint fan de Nederlânske sâltproduksje, is sûnt in jier yn hannen fan de Amerikaanske ynvestearringsmaatskippij The Carlyle Group. Dy naam ein ferline jier de Special Chemicals-tak oer fan AkzoNobel.

De difyzje hie yn 2018 in omset fan 5,1 miljard euro. De oernamesom wie 10 miljard euro; dêrfan gie 7,5 miljard nei de oandielhâlders fan AkzoNobel. De oername waard foar in part finansearre mei skuld fan 6,5 miljard euro, dy't no op de balâns fan Nouryon stiet.

Nouryon is aktyf yn ferskillende gebieten fan de gemyske yndustry, wêrûnder de sâltwinning, -produksje en -ferwurking. De omset fan de sâltketen wie yn 2017 1,2 miljard euro, mar dat is net allinnich Nederlân. Yn Nederlân telt it bedriuw likernôch 1.400 direkte arbeidsplakken, wêrfan 350 yn de sâltwinning. Yn Twinte wurken likernôch 400 wurknimmers en yn Grinslân sitte likenôch 1.000 wurknimmers op Chemie Park Delfzijl. Fierder is Nouryon neffens eigen sizzen goed foar noch 6.400 yndirekte arbeidsplakken yn Nederlân.

Jierliks wint de sâlttak fan Nouryon hjir sa'n 5 miljoen ton sâlt. Dat is it saneamde 'suvere sâlt', en bestiet foar 99,9 prosint út natriumgloride. Fan al it sâlt fan Nouryon wurdt 85 prosint brûkt foar de gemyske yndustry yn Nederlân (Rotterdam) en yn Dútslân. Ek wurde der slikstiennen foar feehâlderijen fan makke.

De helte fan al it konsumpsjesâlt fan Nederlân is ôfkomstich út Twinte: it sâlt dat Nouryon wint yn Grinslân wurdt foaral brûkt foar de gemyske yndustry yn Delfzijl, Rotterdam, Dútslân en Skandinavië.

The Carlyle Group (sûnt 2012 beursnotearre) is ien fan de grutste ynvestearringsgroepen op de wrâld. It hat neffens eigen sizzen in fermogen fan 223 miljard dollar ûnder behear. Ien fan de bestjoerders is de Nederlânske Ruulke Bagijn, earder chief investment officer fan pensjoenfûns PGGM. The Carlyle Group hat yn Nederlân belangen yn útjouwer Nielsen en Petroplus en is eigener fan private-equitybedriuw Alpinvest.

As gefolch fan dy ferkeap leit it beslútsintrum oer de sâltwinning net echt mear yn Nederlân. It Twintske sâlt is wat dat oanbelanget gjin útsûndering: alle bedriuwen dy't yn ús lân sâlt winne, binne fan orizjine Nederlânsk, mar hawwe no in bûtenlânske oandielhâlder.

Twinte wie lange tiid it iennige plak yn Nederlân dêr't sâlt wûn waard. Yn de jierren '70 folge Grinslân. Neist AKZO rjochte ek Shell-dochter Billiton him op it sâlt dat dêr djip yn de grûn sit, tusken of krekt boppe de lagen dêr't it ierdgas út wûn waard. Praktysk foar neat krige Billiton in konsesje foar de winning fan ûnder mear it 'unike' magnesiumsâlt yn de boaiem ûnder de omkriten fan Veendam.

Yn 1994 ferkocht Shell Billiton; de sâltaktiviteiten waarden selsstannich makke en fuortset troch it bedriuw Nedmag. Ek dat is net echt Nederlânsk: it is foar de helte yn hannen fan it Belgyske gemybedriuw Lhoist. De oare helte is fan de regionale ynvestearringsmaatskippij NOM.

Yn Fryslân krige de Harnzer sâltfabryk Frima nei jierren fan tarieding yn 1994 de fergunning om sâlt te winnen by de Fryske havenstêd. Mar hoewol't it sâlt dat wûn waard steefêst oanpriizge waard as útsûnderlik suver, bleau sukses út. Akzo soe de nije konkurrint dwers sitten hawwe, en yn 2000 waard it fallisemint oanfrege. Frima waard troch de Volkskrant sels omskreaun as 'ien fan de gruttere fiasko's fan de moderne Nederlânske yndustry'. It fabryk ferge destiids in ynvestearring fan 250 miljoen gûne, wêrfan 12,5 miljoen gûne oerheidssubsydzje. Lang om let waard it foar 70 miljoen gûne ferkocht oan it Dútske K+S en omdoopt ta Frisia Zout (sjoch kader).

Foto: Omrop Fryslân

Harns: fan fiasko nei winstmasine

De provinsje Fryslân is goed foar 10,9 prosint fan de Nederlânske sâltproduksje. Utbater Frisia Zout B.V. is sûnt 2000 ûnderdiel fan Esco (foar European Salt Company), in dochter fan memmebedriuw K+S. Dy lêste is wrâldwiid de grutste oanbieder fan natriumgloride.

Yn it jierferslach fan 2017 toant Frisia Zout him bûtengewoan tefreden: "Het unieke is dat de zoutmarkt in 2017 gekanteld is. Door de hoge vraag naar zout en het nog niet op de markt komen van een concurrent is de vraag naar zout groter dan de productiecapaciteit. Bestaande en nieuwe klanten willen langlopende contracten met Frisia Zout sluiten en zijn bereid hogere prijzen te betalen."

Dat fertaalde him yn in poerbêst resultaat: op in omset fan 76,6 miljoen euro waard in winst boekt fan 7,9 miljoen euro nei belestingen, dy't taheakke waard oan de algemiene reserves. De Dútske oandielhâlders krigen 5 miljoen euro dividint op harren rekken stoart. Yn it jierferslach wurdt it finansjele resultaat oer 2017 omskreaun as "het beste resultaat sinds de start van Frisia Zout in 2000."

Yn 2018 telde Frisia 105 fêste wurknimmers en naam de omset fierder ta, nei 79,5 miljoen euro. De kosten foar grûn- en helpstoffen namen lykwols ek ta, wêrtroch't foarich jier ûnder de streep flink minder oerbleau: 329 duizend euro nei belestingen. De oandielhâlders krigen de winst fan 7,9 miljoen fan it jier derfoar yn 2018 útkeard as dividint.

Ut de sifers docht bliken dat Frisia Zout in foarsjenning nommen hie foar de kosten fan de ferwachte boaiemdelgong yn it gebiet Barradiel by Harns: yn 2017 wie dy 20.125.870 euro, mar yn 2018 gie dat mei de helte nei ûnderen nei hast 11,8 miljoen euro.

Yn it jierferslach stiet dêr oer te lêzen: "Deze voorzieningen zijn bestemd voor uitgaven welke noodzakelijkerwijs gedaan dienen te worden om de ongestoorde voortgang van de bedrijfsprocessen te bewerkstelligen, op termijn de zoutwinningscavernes met de bovengrondse locaties op te ruimen en daarnaast ter voldoening van financiële verplichtingen voortvloeiende uit vergunningen welke verbonden zijn aan de delfstofwinning."

Mei oare wurden: it reservearre jild is net sa bot bedoeld om de oanrjochte maatskiplike skea te werstellen, as wol om de kosten foar it bedriuw sels op te fangen. De kosten fan de gefolgen fan de boaiemdelgong wurde foar it grutste part delset op de mienskip, sa falt te lêzen yn it jierferslach. "Tussen Frisia Zout, Provincie Fryslân, Wetterskip Fryslân, Gemeente Franekeradeel en gemeente Harlingen is een contract gesloten om gezamenlijk maatregelen te treffen met als doel de gevolgen van de bodemdaling op te lossen. De voorziening bodemdaling betreft de opbouw voor het aandeel van Frisia Zout in de betreffende maatregelen."

Taheakke wearde ûnbekend

De sâltwinning yn Nederlân hat plak yn regio's dêr't it ekonomysk net echt brûst. Om dy reden waard se troch pleatslike politisy omearme as bringer fan wurkgelegenheid: in argumint dêr't de bestjoerders fan de mynboubedriuwen steefêst mei skermje sadree't der krityk klinkt oer de neidielige gefolgen fan har wurk. Ek al giet it foar in bedriuw om net folle mear as hûndert oant twahûndert direkte arbeidsplakken, foar streken dêr't oars net folle wurk te finen is, binne dy mear as wolkom. It ferklearret faaks wêrom't de skea oan huzen en de omkriten sa faak foar leaf nommen wurdt.

Ek yn dy sin docht hoe't no sjoen wurdt nei sâltwinning tinken oan it debat dat jierren lyn oer de gaswinning fierd waard. Mar dêr koest noch fan sizze dat troch de ierdgasbaten de hiele Nederlânske befolking profitearret, by de sâltwinning is dat net it gefal. De bedriuwen binne, op de helte fan Nedmag nei, yn hannen fan bûtenlânske oandielhâlders en de konsesjes leverje net fuort jild op.

De iennige wize dêr't de Nederlânske steat oan sâltwinning fertsjinnet is yndirekt, fia fennoatskipsbelesting dy't fluktuearret mei winst dy't makke wurdt en de leanbelesting fan de wurknimmers. It sâltdividint giet foar it grutste part de grins oer. Dochs is sâlt fan grut belang foar de ekonomy fan Nederlân. It wurdt brûkt yn de gemyske yndustry foar de produksje fan ûnder oare keunststoffen. In auto kin bygelyks net ride sûnder sâlt.

Veendam: Nedmag is Belgyske en noardlike 'cash cow'

Oars as de oaren, wint de lytste fan de sâltmynboubedriuwen yn Nederlân net natriumsâlt (NaCl), mar foaral magnesiumsâlt (MgCl2). Met 356-tûzen ton is it goed foar 5,3 prosint fan de Nederlânske sâltproduksje. It bedriuw is aktyf by Veendam, op de grins fan Grinslân en Drinte, en der wurkje likernôch 150 minsken. Oandielhâlders binne it Belgyske Lhoist en de NOM.

De ôfwikkeling fan de skea as gefolch fan de boaiemdelgong en de bysûndere relaasje dy't Nedmag ûnderhâldt mei syn oandielhâlder NOM, de ynvestearringsmaatskippij fan Noard-Nederlân, wienen it ûnderwerp fan de winnende pitch dy't FTM dit foarjier mei Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost hâlde.

Dizze wike publisearje FTM en RTV Noord artikels oer de betsjutting fan Nedmag en de wize wêrop't it bedriuw de publike opiny besiket te beynfloedzjen. Klik hjir foar alle artikels dy't yn it ramt fan Noord & Oost Pitch ferskynd binne.

Foto: Omrop Fryslân

Oer wat no echt de taheakke wearde fan sâltwinning foar Nederlân is, binne, opmerklik, net folle gegevens beskikber. Ut it rapport Verkenning welvaartseffecten STRONG fan ûndersyksburo CE Delft út 2016 docht bliken dat dit in bewuste kar is fan it ministearje fan EZK: "In Nederland zijn slechts drie bedrijven actief in de zoutwinning. Daarom zijn er geen exacte cijfers rond kosten en opbrengsten bekend", sa is de konstatearring. Yn in noat wurdt dat as folget fierder taljochte: "Vanwege het beperkte aantal zoutproducenten in Nederland is geen duidelijk beeld van de investeringskosten, exploitatiekosten en opbrengsten te krijgen. Uit concurrentieoverwegingen en vanwege het mededingingsrecht worden deze gegevens niet verstrekt."

Dat wol net sizze dat de Nederlânske ekonomy as gehiel gjin baat hat by de sâltwinning. As grûnstof is sâlt fan grut belang foar de gemyske yndustry, dêr't it ferwurke wurdt ta grûnstoffen foar ûnder oare keunststof en glês. It sâlt dat troch Frisia wûn wurdt by Harns, sa stelt direkteur Durk van Tuinen, is sa suver 'dat it amper behanneling nedich hat en sa rjochting de gemyske yndustry kin. It foldocht oan de strangere doelstellingen op it mêd fan duorsumens.' Underoan de streep is Nederlânsk sâlt dermei neffens him duorsumer as de ymport fan sâlt út bygelyks Yndia.

De fraach bliuwt dan yn hoefier't de maatskiplike baten opwage tsjin de maatskiplike lêsten. Lykas sein binne dy lêste by de sâltwinning altyd mei in berop op de wurkgelegenheid foar leaf nommen. Ek as de baten benammen yn private, bûtenlânske bûsen komme.

Als wij het gevoel hadden dat zoutwinning echt niet veilig kon, dan zouden we bij elk advies schrijven: doe het niet.

Wouter van der Zee, Staatstoezicht op de Mijnen
Foto: Omrop Fryslân

De ferhastige ôfbou fan de gaswinning yn Grinslân, nei't dúdlik waard dat de neidielige gefolgen stelselmjittich ûnderskat binne, hat lykwols ek de oandacht foar de gefolgen fan sâltwinning fersterke. Tafersjochhâlder SodM hie de hannen fol oan de gas-problematyk, mar is de lêste jierren op it mêd fan sâlt in stik aktiver wurden.

"We traden regelmatig op, maar we reageerden in het verleden puur reactief", ljochtet Haad Ondergrond Wouter van der Zee fan SodM ta. "De maatschappelijke aandacht voor de mijnbouw nam toe, dus ook voor de zoutwinning. Daar kwam bij dat het onderzoek van de Onderzoeksraad voor Veiligheid naar de gaswinning in Groningen ertoe leidde dat wij meer mensen kregen. Met als gevolg dat we ook naar de zoutwinning als geheel zijn gaan kijken."

Dat liedt yn maaie 2018 ta publikaasje fan it rapport De staat van de sector zout. Dêryn docht SodM oanbefellingen oan de sâltbedriuwen en it ministearje fan EZK. Nei al dy jierren is it foar it earst dat sâltwinning troch in oerheidsynstânsje ûnder de loep nommen wurdt. Tafal of net, dy oandacht falt min ofte mear gear mei de earder neamde ynsidinten, dêr't SodM mei strangere easken en ferskerpe tafersjoch (lykas by Nouryon) op reagearret.

Mar fan it tebekskroeven fan de totale sâltproduksje - lykas by it gas - is foarearst noch gjin sprake. Dêr is neffens Van der Zee fan SodM op dit stuit ek gjin oanlieding ta: "Als je cavernes in de juiste vorm en op de juiste plek maakt, dan is er geen reden om daar categorisch nee tegen te zeggen. Mijnbouw is altijd omgeven door onzekerheden. Als wij het gevoel hadden dat zoutwinning echt niet veilig kon, dan zouden we de minister bij elk advies schrijven: doe het niet, want het kan niet veilig."

Wachtet de sâltwinning úteinlik inselde lot as de gaswinning yn Grinslân? Mei in soad diskusje, ellinde en lang om let nei in soad striid likegoed ferhastige ôfbou? Staatstoezicht op de Mijnen ferwachtet fan net. "Het is een andere discussie", seit Van der Zee. "De omvang is anders. Zoutwinning wordt wel regionaal gevoeld, maar is landelijk minder een item. Ook omdat we te maken hebben met de leveringszekerheid van Gronings gas en daar zit een hele politieke dimensie aan. Die is bij zout een stuk minder."

Wol fynt Van der Zee dat út 'Grinslân' lessen lutsen wurde moatte. "Wij roepen bij elk dossier, dus ook de zoutwinning, tegen het ministerie en andere stakeholders: wees transparant en neem mensen er in mee. Wij sturen hard op die openheid, ook in de richting van de zoutbedrijven. Dat is de lijn en de les die je leert van Groningen."

Spesjalist boaiemdelgong Adriaan Houtenbos leaut dêr hielendal neat fan. "Nog steeds gebeuren er dingen die niet waren voorzien. De onzekerheden rond de zoutwinning worden nog keer op keer onder tafel geschoven. Exact zoals bij het gas is gebeurd en nog steeds gebeurt. Dat lesje is echt niet geleerd."

(advertinsje)
(advertinsje)