Skine Brandaris en Vuurduin tenei yn de stjerreloft?

Brandaris wurdt miskien wol de namme fan in planeet en Vuurduin fan in stjer. De nammen fan de Skylger en Flylanner fjoertuorren binne nammentlik in opsje foar in nij himellichem en dêr kin op stimd wurde.
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It Waadgebiet is ien fan de tsjusterste parten fan Nederlân. De stjerrehimel is dêr hiel goed te sjen.
De oare fjouwer foarstelde nammekombinaasjes binne:
De stjer hat no noch de wittenskiplike namme HAT-P-6, syn planeet is HAT-P-6 b. Dy stiet op 905 ljochtjierren fan de ierde, yn it stjerrebyld Andromeda.
It duo dat de measte stimmen krijt, wurdt yn novimber trochjûn oan de Internationale Astronomische Unie, dy't oer nammen yn it hielal giet. De wedstriid wurdt ek yn oare lannen hâlden, mar dan foar oare stjerren en planeten. Yn desimber wurdt de winner bekend.

Geen voorstander

Om Hans Molema fan Observeum, de stjerrewacht, yn Burgum, hoecht soks net. "Ik ben daar niet zo'n voorstander van. De namen die ze nu hebben, zijn gebaseerd op de ontdekking, het tijdstip en de ontdekkers. Dat zijn wetenschappelijke aanduidingen die men overal ter wereld begrijpt, maar als je de planeet Brandaris noemt, weten ze in Albanië niet waar het over gaat. En nou vind ik Brandaris nog wel gaan, maar met Vuurduin wordt dat lastiger. Dat zegt een buitenlander niets."
Hans Molema